Louise Arner Boyd
Louise Arner Boyd | ||
Louise Boyd, 1928 Foto: Anders Beer Wilse | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 16 septimber 1887 | |
berteplak | San Rafael, Kalifornje | |
stoarn | 14 septimber 1972 | |
stjerplak | San Fransisko | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Etnograaf | |
aktyf as | Untdekkingsreizger | |
reden bekendheid |
Earste frou dy't oer de Noardpoal fleach |
Louise Arner Boyd (San Rafael, 16 septimber 1887 – San Fransisko, 14 septimber 1972) wie in Amerikaansk ûntdekkingsreizger fan Grienlân en Arktika, dy't wiidweidich oer har reizen skreau en yn 1955 de earste frou wie dy't oer de Noardpoal fleach.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sy wie in dochter fan John Franklin Boyd en Louise Cook Arner, eigeners en erfgenamten fan de Bodie Gold Bonanza fan 1877 yn Bodie, Kalifornje. Se krige thús les en waard frijwat beskerme opbrocht. Nei't it ferstjerren fan har âlders yn 1919 er 1920, urf Louise it famyljefortún. De lêste jierren fan harren libben hie se foar har âlden soarge. Mei har erfenis waard Louise Boyd folslein ûnôfhinklik en koe se har ûndernimmend karakter útlibje.
Yn 1928 finansearre en late se in ekspedysje om Roald Amundsen te sykjen, dy't sels ferdwûn wie op syn syktocht nei Umberto Nobile en syn loftskip Italia. Se fear goed 16.100 km oer Arktyske seeën, mar fûn Amundsen lykwols ek net. Dochs waard se foar har krewearjen ûnderskieden mei it ridderkrús fan de Sankt-Olav-Oarder troch de Noarske regearing.
Yn de jierren 1931, 1933, 1937, 1938 en 1941 ûndernaam hja fiif ûntdekkingsreizen nei noard-Grienlân. De American Geographical Society publisearre har ferslach en fotoos fan de ekspedysjes yn 1933 en 1935 yn in boek mei de titel The Fiord Region of East Greenland. Yn augustus 1934 waard se ôffurdige nei it Ynternasjonaal Geografysk Kongres yn Warsjau. By dy gelegenheid makke se in reis fan trije moannen troch Poalen om de gewoanten, klaaiïng, ekonomy en kultuer fan de protte Poalske etnisiteiten en Russen yn de nij-foarme steat te beskriuwen en te fotografearjen.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wurke se yn 1942 - 1943 foar it Amerikaanske Ministearje fan Definsje.
Yn 1955 fleach se, 68 jier âld, as earste frou oer de Noardpoal yn in hierde DC-4. Loftfeartpionier Thor Solberg wie ûnder de bemanning.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Fiord Region of East Greenland (1935)
- Polish Countrysides (1937)
- The Coast of Northeast Greenland (1948)
Earbetoan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In gebiet by De-Geergletsjer op Grienlân hat de namme Louise-Boyd-Land. Op it eilân Nordostland yn de Spitsbergen-arsjipel is de berch Boydfjellet nei Louise Boyd ferneamd.