Louis Choris

Ut Wikipedy
Louis Choris, litografy troch Joseph Langlumé nei in selsportret fan Choris

Louis Choris (Jekaterinoslav, 22 maart 1795 - ûnder Veracruz, Meksiko, 22 maart 1828) wie in Dútsk-Oekraynsk keunstskilder, litograaf en ûntdekkingsreizger. Hy wie ien fan de earste keunstners dy't foarfallen op ûntdekkingsreizen fêstlei.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Louis Choris, in Oekraïner fan Dútsk komôf, waard berne yn Jekaterinoslav, it hjoeddeiske Dnipro, yn Oekraïne. Hy besocht de Pasifyske Oseaan en de westkust fan Noard-Amearika yn 1816 oan board fan de Rurik as detasjearre keunstner op de Romanzoff-ekspedysje ûnder kommando fan luitenant Otto von Kotzebue, dy't útsjoerd wie om de noardwestpassaazje te ferkennen.

De "Rurik" foar anker by Saint Paul Island yn de Beringsee om materiaal en proviand yn te nimmen foar de ekspedysje nei de Tsjoektsjensee, 1817.

Fan Choris is sein dat er 'de natuer skildere sa't er dy oantrof. De kearn fan syn wurk is wierheid; in frisse, enerzjike kyk op it libben en oarspronklikheid fan skilderjen.' Choris sun wurk mei dêrom beskôge wurde as in betroubere werjefte fan syn ûnderwerpen. Nei de reis mei de Rurik ferfear er nei Parys dêr't er syn portfolio mei tekeningen litografysk fermannichfâldigje liet. Ek studearre dêr yn ateliers fan Gerard en Regnault. Choris wurke doe fral yn pastel. Hy dokumintearre it folk de Ohlone op de misjes nei San Fransisko yn 1816. Syn net te behearskjend langstme nei aventoer brocht him yn 1827 fan Frankryk neiSúd-Amearika. Op 22 maart 1828, ûnderweis nei Vera Cruz yn Meksiko, waard er oerfallen troch rôvers en fermoarde.[1]

It Anchorage Museum of History and Art, it Honolulu Museum of Art en it Oakland Museum of California hawwe wurk fan Louis Choris yn de kolleksje.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eigen wurk

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. San Francsico One Hundred Years Ago - oerset út it Frânsk fan Louis Choris troch Porter Garnett, sjoen 2007-04-07.