Springe nei ynhâld

Dnipro

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jekaterinoslav)
Dnipro
Дніпро
Bestjoer
Lân Oekraïne
Sifers
Ynwennertal 1.002.950 ↓(2011)
Oerflak 405 km²
Befolkingsticht. 2.486 / km²
Hichte 155 m
Oar
Stifting 1776
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Offisjele webside
(in) Webside Dnipro

Dnipro (Oekraynsk: Дніпро, [ˌdʲnʲipro] Dnipro; eartiids Дніпропетровськ, Dnjipropetrovsk, Екатеринослав, Jekaterinoslav) is mei 1,2 miljoen ynwenners (2002) de tredde stêd fan de Oekraïne. De stêd leit oan de rivier de Dnjepr yn it sintrale eastlik diel fan it lân, besuden fan de haadstêd Kiev.

De stêd wie yn it ferline in sintraal ûnderdiel fan de Sovjetyndustry, foaral op it mêd fan de nukleêre yndustry, wapens en lange-ôfstânsraketten. De stêd wie doe in sletten stêd.

De stêd hat yn de rin fan de skiednis ferskate nammen hân. Sy waard stifte as Jekaterinoslav (ferneamd nei Katarina II fan Ruslân). Yn 1797 waard de namme feroare ta Novorossiejsk ('Nij-Ruslân'), mar yn 1802 waard dat al weromdraaid.

Doe't de kommunisten de macht yn de Oekraïne feroveren waard Jekaterinoslav feroare yn Sicheslav ('sich' is in militêre term fan de Kozakken). De nije namme sloech lykwols net oan en amper in jier letter waard de âlde namme Jekaterinoslav wer út de kast helle. Yn 1926 krige de stêd de namme fan no doe't, as propaganda, de Oekraynske kommunistenlieder Grigori Petrovski syn namme oan it plak joech (mar der sit ek in ferwizing nei de rivier de Dnjepr yn, Dnjepropetrovsk betsjut letterlik "Djepr-Petrovski-stêd"). Nei de delfal fan de Sovjetuny woenen guonts de stêd in oare namme naam. Dat is lykwols oant no ta net bard.

  • Jekaterinoslav 1776-1797
  • Novorossiejsk 1797–1802
  • Jekaterinoslav 1802–1917
  • Sicheslav 1917–1918
  • Jekaterinoslav 1918–1926
  • Dnjepropetrovsk/Dnjipropetrovsk 1926–2016
  • Dnipro 2016–no


Berne yn Dnipro

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]