Loren L. Coleman

Ut Wikipedy
Loren L. Coleman
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Loren L. Coleman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1968
berteplak Longview (Washington)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre SF, fantasy
bekendste
  wurk(en)
Double-Blind
Legends of Kern-trilogy
útjouwer Ace Books
jierren aktyf 1997 – no
offisjele webside
www.lorenlcoleman.com

Loren L. Coleman (Longview (Washington), 1968) is in Amerikaansk skriuwer fan science fiction en fantasy dy't in protte bydragen levere hat oan romansearjes dy't troch ferskate auteurs skreaun wurde, wêrûnder BattleTech, Magic: The Gathering en Star Trek. Coleman moat net betize wurde mei de kryptosoölooch, skriuwer en presintator Loren Coleman.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Coleman waard yn 1968 berne yn Longview, yn 'e steat Washington, dêr't er ek opgroeide. Nei syn tsjinsttiid as beropsmilitêr by de Amerikaanske Marine sette er útein mei in nije karriêre as skriuwer. It earste boek dat er publisearre wie Double-Blind, út 1997, dat ta it subsjenre fan 'e militêre science fiction heart. Krekt as in protte fan syn oare publikaasjes foarme it ûnderdiel fan 'e BattleTech-rige, dy't fuortbordueret op it kompjûterspultsje mei deselde namme.

Coleman skreau ek in "fjildhânlieding" foar BattleTech, titele Capellan Confederation. Fierders wied er aktyf as auteur fan ferskate Magic: The Gathering-boeken en in pear Star Trek-romans. Dêrnjonken hat er ek koarte ferhalen en ferskate op harsels steande romans op syn namme stean. Dêrûnder is de Legends of Kern-trilogy, besteande út Blood of Wolves, Cimmerian Rage en Songs of Victory, dy't yn 2005 útkaam en spilet yn 'e klassike fantasywrâld fan Conan de Barbaar, dy't betocht is troch Robert E. Howard.

Letter krige Coleman it idee om ûnder lisinsje BattleTech-romans oer it "klassike tiidrek" (fan dy wrâld) te publisearjen fia in webside dêr't men jin op abbonearje moat. De betinker fan BattleTech, Randall N. Bills liek dat skoan ta, en sadwaande koe Coleman yn 2002 mei syn frou Heather, Bills en dy syn frou Tara en Philip DeLuca InMediaRes opsette, in bedriuw dat de foarneamde webside runt. Coleman wennet noch altyd yn 'e steat Washington, mei syn frou en trije bern.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

bydragen oan searjes
  • BattleTech
    • 1997 – #31: Double-Blind
    • 1997 – #32: Binding Force
    • 1999 – #44: Threads of Ambition
    • 1999 – #45: The Killing Fields
    • 2000 – #47: Illusions of Victory
    • 2001 – #50: Flashpoint
    • 2001 – #52: Patriots and Tyrants
    • 2002 – #54: Storms of Fate
    • 2002 – #56: Endgame
    • 2011 – Angry Voices In The Dark
    • 2011 – By The Numbers
    • 2011 – Trial Under Fire
    • 2011 – Blood Price
    • 2011 – A Face Full of Blades
    • 2011 – Job Security
    • 2011 – Scars
    • 2011 – Stalking The Legends
  • Magic The Gathering: Artefacts
  • Vor: The Maelstrom
    • 1999 – #1: Into the Maelstrom
  • Battletech Field Manual
    • 2000 – Capellan Confederation
  • Wings of Justice
    • 2000 – #1: Rogue Flyer
    • 2001 – #3: Falcon's Prey
  • BattleTech: Mechwarrior Dark Age
    • 2003 – #2: A Call to Arms
    • 2003 – #7: By Temptations and by War
    • 2004 – #11: Blood of the Isle
    • 2005 – #15: Sword of Sedition
    • 2005 – #18: Fortress Republic
  • Star Trek: S.C.E. (mei Randall N. Bills)
    • 2003 – #35: The Demon, Book 1
    • 2004 – #36: The Demon Book 2
op harsels steande romans
  • 1995 – Chronomancer
  • Legends of Kern (op harsels steand binnen de Age of Conan-wrâld)
    • 2005 – Blood of Wolves
    • 2005 – Cimmerian Rage
    • 2005 – Songs of Victory
  • 2011 – Army Issues

Koarte fiksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

ferhalebondels skreaun
ferhalebondels (fan oare skriuwers) gearstald
  • 2007 – Wizards, Inc. (mei Martin H. Greenberg)
  • 2009 – Crime Spells (mei Martin H. Greenberg)
  • 2010 – First Strike: BattleCorps Compilation Vol. 2

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.