Springe nei ynhâld

Lonely Planet

Ut Wikipedy
Lonely Planet
algemien
hist. namme Lonely Planet Publications
nasjonaliteit Australysk
type privaat
sektor útjouwerij, multymedia
haadkertier Footscray (Fiktoaria)
oprjochte 1972
oprjochter Tony en Maureen Wheeler
eigner NC2 Media
sifers
aktyf yn de hiele wrâld
wurknimmers 200 skriuwers + 400 stêf
offisjele webside
www.lonelyplanet.com

Lonely Planet is in Australysk bedriuw dat him ûntjûn hat ta de grutste útjouwerij fan reisgidsen fan 'e wrâld. It bedriuw waard yn 1972 oprjochte en wie lang in selsstannige ûndernimming, mar is no eigendom fan 'e NC2 Media-korporaasje fan 'e Amerikaanske miljardêr Brad Kelley. It grutste kantoar is noch altyd fêstige yn Austraalje, yn Footscray, in foarstêd fan Melbourne (foarhinne yn Hawthorn), mar de útjouwerij wurdt sûnt 2013 feitliks laat fanút de Amerikaanske fêstiging yn Franklin. Lonely Planet hat ek kantoaren yn Londen, Peking, Delly en oare plakken.

Lonely Planet waard yn 1972 ûnder de namme Lonely Planet Publications oprjochte troch Tony Wheeler en dy syn frou Maureen, en de reisgidsen dy't sy útjoegen, wiene nei de Let's Go-reisgidserige út 1960 de earsten út it Ingelske taalgebiet dy't har taleine op backpacken en oare foarmen fan low budget-reizgjen. De earste útjefte fan Lonely Planet, it 95 byinoar nite siden tellende Across Asia on the Cheap ("Goedkeap Dwers troch Aazje"), in ferslach fan in reis fan Jeropa nei Austraalje dy't de Wheelers sels makke hiene, rekke binnen de koartste kearen útferkocht.

Nei dat súkses kearde Tony Wheeler werom nei Aazje foar de spesifike reden om in reisgids te skriuwen, en it resultaat, Acros Asia on the Cheap: A Complete Guide to Making the Overland Trip, kaam út yn 1975. Dy publikaasje wurdt noch altyd beskôge as in mylpeal op it mêd fan it skriuwen fan reisgidsen, mei't de Wheelers net inkeld feitlike reisynformaasje joegen, mar ek goerie ("praat net oer Israel ast yn Irak bist"), sydlingse opmerkings ("Singapoer is in hip plak") en warskôgings oer yllegale aktiviteiten ("nim it lêste trekje fan dyn joint foàrdatst by de Iraanske grins oankomst").

Maureen en Tony Wheeler, de oprjochters fan Lonely Planet.

Stadichoan kamen der mear Lonely Planet-reisgidsen by, yn 'e earste tsien jier fral oer Aazje; sa seach de earste reisgids oer Yndia yn 1981 it ljocht. Mar neigeraden dat de lêzers derom fregen (en de goede ferkeapsifers it yn tsjinst nimmen fan mear skriuwers talieten), kamen der ek gidsen út oer lannen yn Oseaanje, Jeropa, Afrika en de Amearika's, oant de útjeften fan Lonely Planet úteinlik de hiele wrâld omfiemen.

Tsjin 1999 hie de útjouwerij 30 miljoen eksimplaren fan syn reisgidsen ferkocht, en waarden de útjeften al lang net mear allinnich troch hippys en leden fan oare subkultueren lêzen. Der wurdt grute dat doe't de Amerikaanske presidint Bill Clinton in steatsbesyk oan Austraalje brocht, hy prate woe mei de premier en "ien fan Lonely Planet". Yn 2007 hie Lonely Planet 500 ûnderskate titels publisearre en 80 miljoen reisgidsen ferkocht. Teffens wie de útjouwerij doe begûn om syn boeken yn mear as acht oare talen (as Ingelsk) út te bringen. Yn 2011 gie de útjouwerij de grins fan 120 miljoen ferkochte reisgidsen oer, en begjin 2014 wiene der ek 11 miljoen eksimplaren fan 'e Lonely Planet-reis-app ferkocht.

It haadkertier fan Lonely Planet, yn Footscray.
It âlde logo fan LP.

Yn 2007 kocht BBC Worldwide (de kommersjele tûke fan 'e Britske steatsomrop BBC) in belang fan 75% yn Lonely Planet. Yn maart 2009 waard de oantsjutting Publications (dy't al lang net mear brûkt waard) formeel út 'e namme fan it bedriuw falle litten, om oan te jaan dat Lonely Planet him no ek bejûn hie op it mêd fan 'e multymedia, wêrûnder it Lonely Planet-tydskrift, digitale publikaasjes, apps foar mobile tillefoans en de produksje fan ferskate dokumintêresearjes foar op 'e tillefyzje.

Yn febrewaris 2011 kocht BBC Worldwide de Wheelers út troch ek de lêste 25% fan it bedriuw oer te nimmen. Yn totaal wie mei de oankeap fan Lonely Planet foar de beide stikken mei-inoar in bedrach muoid fan £130,2 miljoen. Fanwegen ôffallende ferkeapsifers koe BBC Worldwide lykwols net fan syn ynvestearring profitearje, en op 19 maart 2013 waard Lonely Planet foar "mar" US$ 77,8 miljoen (≈ £80 miljoen) trochferkocht oan NC2 Media fan 'e Amerikaanske miljardêr Brad Kelley. Dy hat mei in yngripende reorganisaasje de útjouwerij sûnt wer út 'e reade sifers witten te krijen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.