Springe nei ynhâld

Noardlik Film Festival

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ljouwerter Krante Publykspriis)
Noardlik Film Festival
Noordelijk Film Festival
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
holden yn De Harmony
tiid fan it jier novimber
bysûnderheden
ôfkoarting NFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1976 – no
org. troch Sintrum foar Film yn Fryslân
offisjele webside
www.noordelijkfilmfestival.nl

It Noardlik Film Festival (Nederlânsk en offisjeel: Noordelijk Film Festival), gauris ôfkoarte ta NFF, is in filmfestival foar de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte, dat holden wurdt yn Ljouwert. De earste edysje wie yn 1976, wêrnei't it evenemint yn 't earstoan om it jier plakfûn. Fan 1980 ôf waard it ien kear yn 't jier holden, en mei yngong fan 1992 waard dêrfoar de earste helte fan 'e moanne novimber útornearre. It NFF wurdt organisearre troch Sintrum foar Film yn Fryslân yn 'e filmsealen fan Slieker Film en Stedsskouboarch De Harmony. Mei sa'n 25.000 besikers[1] ferdield oer fjouwer dagen is it útgroeid ta ien fan 'e grutste kulturele festivals yn Noard-Nederlân èn it grutste regionale filmfestival fan hiel Nederlân.

Neiere beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadprogramma fan it Noardlik Film Festival bestiet út 'e Jeropeeske Ynterregio Kompetysje en oare nijsgjirrige premiêres en foarpremiêres fan films dy't sinematografysk fan belang binne.

Njonken it haadprogramma binne der ûnder oare tematyske en geografyske programma's foar bern en jongerein (skoalfoarstellings), dokumintêres en mediakeunstprogramma's (yn gearwurking mei Media Art Friesland). Rom omtinken wurdt fierders skonken oan 'e nije media. Ek wurdt in poadium bean oan jonge noardlike filmmakkers yn it ûnderdiel Nije Noardlike Rispinge (Nieuwe Noordelijke Oogst). Ta einbeslút wurde bylden fertoand út it Frysk Film Argyf en is der in wiidweidich râneprogramma mei fraachpetearen, diskusjes en workshops.

Elts jier wurde op it Noardlik Film Festival ferskate prizen útrikt. It wichtichste plak op dat mêd wurdt ynnommen troch de Matad'Or foar de winner fan 'e Ynterregio Kompetysje. Dêrnjonken wurdt ek de priis foar it Noardlik amateur Film Festival útrikt, krekt as de Ljouwerter Krante Publykspriis.

Jeropeeske Ynterregio Kompetysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it Noardlik Film Festival wurdt hast elts jier in gruttere rol taparte oan 'e Jeropeeske Ynterregio Kompetysje, dy't yn 1996 yn it libben roppen waard. Oan dizze kompetysje dogge films mei út Jeropeeske regio’s dy't harren kulturele identiteit (en eventueel minderheidstaal) libben hâlde wolle. By sokke films giet it almeast om lytsskalige produksjes tsjin in plattelânske of lytsstedske eftergrûn, dy't ôfmakke binne mei kultuereigen eleminten.

It Noardlik Film Festival sjocht himsels mei de Ynterregio Kompetysje as it oanwiisde platfoarm foar films en filmmakkers út 'e minder sichtbere kriten fan Jeropa. Sa komme ek films oan bod dy't oars net folle omtinken krije. Elts jier dogge teminsten acht, mar nea mear as tolve films oan 'e kompetysje mei. Dy wurde allegearre fertoand ûnder it festival, wêrnei't in faksjuery de winner útornearret. It hichtepunt fan 'e Ynterregio Kompetysje is de útrikking fan 'e priis, de Matad'Or. Dêr is in bedrach fan 10.000 oan ferbûn, dat beskikber steld wurdt troch de Provinsje Fryslân. (In betingst is dat it jild yn nije projekten ynvestearre wurde moat.) De Matad'Or (in wurdboarterij op matador, "bollefjochter", en d'or, "fan goud") is in skulptuer dy't teffens it byldmerk fan it Noardlik Film Festival is.

De winnende films fan it Noardlik Film Festival wiene:

  • 1997 Perfect Circle fan Ademir Kenovic (Bosnje/Frankryk)
  • 1998 The Way Through the Bleak Woods fan Ivan Vojnár (Tsjechje)
  • 1999 Ça commence aujourd'hui fan Bertrand Tavernier (Frankryk)
  • 2000 Fruen på hamre fan Katrine Wiedeman (Denemarken)
  • 2001 The Most Fertile Man in Ireland fan Dudi Appleton (Noard-Ierlân)
  • 2002 Bloody Sunday fan Paul Greenglass (Ingelân/Ierlân)
  • 2003 Letter to America fan Iglika Triffonova (Bulgarije)
  • 2004 Il Dono fan Michelangelo Frammartino (Kalabrië/Itaalje)
  • 2006 Harvest Time fan Marina Razbezjkina (Ruslân)
  • 2007 Falkenberg Farewell fan Jesper Ganslandt (Sweden)
  • 2008 Kino Lika fan Dalibor Matanic (Kroaasje)
  • 2009 Autumn fan Özcan Alper (Turkije)
  • 2010 Tilva Roš/Tilva Rosh fan Nikola Lezaic (Servje)
  • 2011 Majority fan Seren Yüce (Turkije)

Yn 2020 gie it Noardlik Film Festival oer fanwegen de wrâldwide koroanafiruspandemy. Wol waarden der yn 'e Ljouwerter bioskopen festivalfilms fertoand foar groepen fan maksimaal tritich minsken.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes
  1. Walthaus, Asing, Huilen met de wolven op het NFF, yn: de Ljouwerter Krante, 12 novimber 2018, s. 29.
  2. Walthaus, Asing, Noordelijk Film Festival van de baan, wel deelprogramma, yn: de Ljouwerter Krante, 15 oktober 2020, s.34.