Ansingh wie in dochter fan apteker Edzard Willem Ansingh en Clara Theresia Schwartze. Se wie in pakesizzer fan de keunstskilder Johann Georg Schwartze en in nichtsje fan de skilderesse Thérèse Schwartze, dy't har ek de eartste tekenlessen joech. Sy wenne sechtjin jier by har muoike, dy't har oantrune en har yn 'e kunde brocht mei in protte doetiidske skilders, ûnder oaren Frânske ympresjonisten en de Nederlânske keunstners George Hendrik Breitner, Piet Mondriaan en Simon Maris.
Oan de akademy ûntstie in freonerûnte fan keunstnaressen dy't letter de namme de Amsterdamse Joffers krige; it wiene de skilderessen Lizzy Ansingh, Marie van Regteren Altena, Coba Ritsema[3], Ans van den Berg, Jacoba Surie, Nelly Bodenheim, Betsy Westendorp-Osieck en Jo Bauer-Stumpff. It belang fan de Amsterdamse Joffers wie dat sy tsjinnen as rolmodel foar oare keunstnaressen yn Nederlân, fral fanôf de jierren satich fan de tweitichste iuw.[4][5]
Neist it skilderjen fan portretten waard Ansingh ek beken fan it skilderjen fan poppen[6][7], ek dêr yn wer oanmoedige troch har muoike Thérèse Schwartze. Sy skildere sênes út har 18e iuwske kammenetpoppehûs, dat hja yn 1910 op in feiling kocht hie. Boppedat skreau se twa berneboekjes mei gedichten:[8]`n Vruchtenmandje, ferskynd yn 1927 en Tante Tor is jarig[9]. Dat boekje út 1950 waard yllustrearre troch Nelly Bodenheim. Njonken dat ûntwurp se boekbânen.
↑Glorie, Ingrid (2000) Juffers en Joffers: een eerbewijs aan vrouwen in de schilderkunst útj. De Doelenpers ISBN 90-70655-27-6
↑Buunk, Frank, Bettine Flesseman en Liesbeth van Keulen (2008) Video: Amsterdamse Joffers met historische filmbeelden en interviews útj. Biografie van Amsterdam (UvA) op YouTube - Opmerking. Frank Buunk relativearret it belang fan de Amsterdamse Joffers omdat sy net fernijend wienen. Dat mei sa wêze út it perspektyf fan it modernisme wei, dat hieltyd fer nijing fan de keunst ferlangde. Lykwols út it tsjintwurdich hearskjende postmoderne wittenskipsopfetting wie, wurdt soksoarte perspektyf net mear hantearre. Histoarysk en sosjologysk besjoer binne de Joffers in wichtich ferskynsel yn de Nederlânske keunstskiednis [1]
Venema, Adriaan, De Amsterdamse Joffers. Het Wereldvenster: 1977.
Johan H. van Eikeren (1947) De Amsterdamse joffers: Maria E. van Regteren Altena, Ans van den Berg, Jo Bauer-Stumpff, Nelly Bodenheim, Lizzy Ansingh, Coba Ritsema, Coba Surie, Betsie Westendorp-Osieck (ISBN 90-5897-422-7)
Nio Hermes (1991) Met verve: Charley Toorop, Lizzy Ansingh, Jacoba van Heemskerck, Lou Loeber, Sorella, Adya van Rees-Dutilh. Amsterdam: Furie (ISBN 90-71035-44-1)
Klaas Roodenburg (1994) De intieme kunst van H.J. Ansingh: 1880-1957, Hurderwyk: Feluwsk Museum.
Esther Dieltjes (2005) Lizzy Ansingh (1875-1959): de poppenschilderijen van een Amsterdamse joffer (ISBN 90-5897-422-7), Warnsveld, Arnhim: Histoarysk Museum Arnhim.