Springe nei ynhâld

Thérèse Schwartze

Ut Wikipedy
Thérèse Schwartze
keunstner
Selsportret Thérèse Schwartze (37 jier)
Selsportret Thérèse Schwartze (37 jier)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 desimber 1851
berteplak Amsterdam
stoarn 23 desimber 1918
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as keunstskilder
jierren aktyf 1866-1918

Thérèse Schwartze (Amsterdam, 20 desimber 1851 – dêre, 23 desimber 1918) wie in Nederlânske portretskilderes en litograaf.

Har went yn Amsterdam, Prinsengracht 1091

Swartze kaam út in artistike famylje. Har heit Johann Georg Schwartze wie skilder, har suster Georgine wie byldhouster en de dochters fan har suster Clara Theresia, Lizzy Ansingh en Thérèse Ansingh waarden ek keunstskilderessen. Hja troude yn 1906 mei de haadredakteur fan it Algemeen Handelsblad, Anton van Duyl.

Schwartze krige har earste oplieding fan har heit, ear't se in jier studearre oan de Rijksacademie van Beeldende Kunsten. Dêrnei reizge se nei München en studearre by Gabriel Max en Franz von Lenbach. Yn 1879 gie se nei Parys om fierder te studearjen by Jean-Jacques Henner. [ 1 ] Doe 't se weromkaam nei Amsterdam waard se lid fan de feriening Arti et Amicitiae. Schwartze eksposearre har wurk yn it Paleis foar Skiene Keunsten op de World's Columbian Exposition fan 1893 yn Chicago, Illinois.

Se portrettearre ûnder oare leden fan de Nederlânske keninklike famylje. De bekendheid dy't se dêrtroch krige, late ta hieltyd mear opdrachten. Ferskate fan har wurken befine harren yn it Ryksmuseum en yn it Joadsk Histoarysk Museum yn Amsterdam.

Op 22 july 1918 stoar har man, Anton van Duyl. Foar Schwartze, dy't sels in swakke sûnens hie en dat foar elkenien besocht te ferbergjen, wie it ferstjerren fan har man in klap dy't se net te boppe komme soe. Ek gie har sûnens hurd achterút oant sy sels oan in hommels opkommen sykte op 23 desimber 1918 ferstoar yn de âldens fan 67 jier.

Thérèse Schwartze Priis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In healjier nei har ferstjerren waard de Thérèse fan Duyl-Schwartze Stichting oprjochte dy't him ûnder mear ynset foar de Nederlânske portretkeunst. Sûnt 1920 rikt de stichting de Thérèse Schwartze Priis út oan in portretkeunstner.

  • Hollema, Cora en Kouwenhoven, Pieternel:Thérèse Schwartze Painting for a Living . Amsterdam 2015 ISBN 9789082406405. www.thereseschwartze.com
  • Kloek, E., 1001 vrouwen uit de Nederlandse geschiedenis. Nijmegen Vantilt 2013 ISBN 9789460041204, Nummer 786
  • Lith, Wendy van en Montijn, Ileen: Thérèse Schwartze (1851-1918) De Nederlandse fine fleur geportretteerd Uitgeverij Waanders, Swolle 2011. ISBN 9789040077234
  • Hollema, Cora: Thérèse Schwartze (1851-1918) - haar klant was koning. Uitgeverij Walburg Pers, Sutfen 2010. - 160 p. ISBN 978-90-5730-713-3. 1e dr.:
  • Van der Stighelen, Katlijne, Vrouwenstreken: onvergetelijke schilderessen uit de Lage Landen. - Tiel: Lannoo, 2010. - 255 s. - ISBN 978 90 209 8870 3
  • Van der Stighelen, K., Westen, M., Elck zijn waerom: Vrouwelijke kunstenaars in België en Nederland, 1500-1950. Antwerpen Ludion 1999 ISBN 9055442712 s. 262-266, 94, 99
  • Hollema, Cora en Kouwenhoven, Pieternel: Thérèse Schwartze (1851-1918) - een vorstelijk portrettiste. Uitgeverij Walburg pers, Sutfen 1998. - 144 s. ISBN 90-5730-026-5
  • Borzello, F., Kijken naar onszelf. Zelfportretten van vrouwen. Alphen IKOB 1998 ISBN 9061138523 blz. 118-119
  • Wilhelm, Martin: Thérèse van Duyl-Schwartze (1851-1918) - een gedenkboek. Scheltema en Holkema's boekhandel, Amsterdam, 1921

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: