Springe nei ynhâld

Live 8

Ut Wikipedy
Live 8 yn Edinburgh

Live 8 wie is konsert op 2 july 2005 mei sjo's yn elts fan de G8-lannen en yn Súd-Afrika; in twadde konsert waard holden yn Edinboarch op 6 july doe't de G8-gearkomste yn Skotlân begûn. De konserten foarmen de earste stap yn De lange tocht nei rjochtfeardigens, in strjibjen nei in maatskippij dêr't it lân dêr't immen bêrne wurdt net langer syn libbenskânsen fêstleit. July 2005 wie ek de 20e jierdei fan Live Aid. Lykas Live Aid, wie ek Live 8 organisaerre troch Bob Geldof. Mear as 1000 muzyklju dienen op 2 july mei oan Live 8 en de sjo's waarden troch mear as 180 tillefyzjestjoerders en mear as 2.000 radiostjoerders útstjoerd.

De datum wie sa keazen dat de organisators op de G8-gearkomste in list oanbiede koenen mei nammen fan minsken dy't de G8 freegje woenen: Meitsje earmoed skiednis. Op de list stean bekende nammen, mar ek de namme fan miljoenen oaren dy't op papier, per netpost, of fia de webstee fan de Live 8-list tekene hienen, en dêrmei oanjûn hienen dat se fûnen dat de G8 mear oan de earmoed dwaan moat. De nammen op de list rollen ek oer skermen by it konsert.

Mei dit konsert waarden de minsken oproppen, en mei de list waarden de lieders fan de G8 oproppen, de skiednis te feroarjen. De G8 waard foar Afrika frege om

  • in ferdûbeling fan de help;
  • folsleine frijskatting fan de hannelsskulden;
  • earlike hannel tusken rike en earme lannen.
Konserten Live 8

De sjo's waarden organisearre yn de G8-lannen en in Súd-Afrika:

Njonken op de lokaasjes wienen de sjo's ek te sjen yn oare stêden dêr't grutte skermen delset wienen, oer tillefyzjestjoerders en oer it ynternet, en te hearren oer mear as 2000 radiostjoerders.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]