Littenserbuorren
Littenserbuorren is in buorskip west fan it Fryske doarp Wommels, yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Foar de gemeentlike weryndieling fan 2018 lei de buorskip yn Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 yn Hinnaarderadiel. De namme komt yn histoaryske boarnen ek foar as Westerletens, Letenser zijl en Westerliethens. De slûs yn de Slachtedyk by Littenserbuorren wurdt De Kromme Syl neamd. Yn 2000 waard by Littenserbuorren oer de N359 (de provinsjale wei fan Ljouwert nei Boalsert) de Nije Kromme boud, in bouwurk dat yn 'e folksmûle de Slachtebrêge neamd wurdt, hoewol't it eins in fiadukt is. Sûnt 2012 wurdt op 'e terp by Littenserbuorren elts jier yn begjin juny it muzykfestival Slachtepop holden, dêr't ek in keatswedstryd ta heart, de Wylde Nachtkeatspartij.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|