List fan hearskers yn Eastfryslân
Appearance
(Trochferwiisd fan List fan hearskers yn East-Fryslân)
Hearskers út it Sirksena-laach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de ûndersteande list steane alle regenten fan Eastfryslân fan de stifting fan it greefskip yn 1464 oant it útstjerren fan it Sirksena-laach yn 1744. De regenten steane yn folchoarder fan tiid.
Ofbyld | Namme | Perioade | Titel | Bysûnderheden |
---|---|---|---|---|
Ulrich I | 1464 - 1466 | Greve | Ulrich I wurdt yn 1654 yn de ryksgrevestân ferheven. Syn haadresidinsje ferleit Ulrich I fan Greetsiel nei Emden. | |
Theda Ukena | 1466 - 1491 | Regintesse fan it Greefskip Eastfryslân | ||
Edzard I fan Eastfryslân (Edzard de Grutte) | 1491 - 1528 | Greve | Under lieding fan Edzard I wurdt de reformaasje trochfiert en wurdt Eastfryslân gau grutter. Under syn lieding wurdt it Eastfryske Lânrjocht ynfiert. | |
Enno II fan Eastfryslân | 1528 - 1540 | Greve | ||
Anna fan Aldenboarch | 1540 - 1561 | Regintesse fan it Greefskip Eastfryslân | ||
Edzard II fan Eastfryslân | 1561 - 1599 | Greve | Enno II regeart fan 1558 oant 1561 mei syn mem, Anna. Dêrnei oant 1591 mei syn broer Jehan II. Fan 1591 oant en mei 1599 is Enno II allinnich hearsker oer Eastfryslân. | |
Jehan II fan Eastfryslân | 1561 - 1591 | Greve | Jehan II regeart yn gearwurking mei syn broer tusken 1561 en 1591 | |
Enno III fan Eastfryslân | 1599 - 1625 | Greve | ||
Rudolf Kristiaan fan Eastfryslân | 1625 - 1628 | Greve | ||
Ulrik II fan Eastfryslân | 1628 - 1648 | Greve | ||
Juliana fan Hessen-Darmstadt | 1648 - 1651 | Regintesse fan it Greefskip Eastfryslân | ||
Enno Loadewyk fan Eastfryslân | 1651 - 1660 | Greve, sûnt 1654 Foarst | De âldste soan fan Ulrik II wurdt yn 1651 Greve fan Eastfryslân. Yn 1654 wurdt hy troch keizer Ferdinand III yn de ryksfoarstenstân ferheven. | |
Joaris Kristiaan fan Eastfryslân | 1660 - 1665 | Foarst | ||
Kristine Sjarlotte fan Wuertemberch | 1665 - 1690 | Regintesse fan it Greefskip Eastfryslân | ||
Kristiaan Evert fan Eastfryslân | 1690 - 1708 | Foarst | ||
Joaris Albrecht fan Eastfryslân | 1708 - 1734 | Foarst | ||
Karel Edzard fan Eastfryslân | 1734 - 1744 | Foarst | De lêste hearsker fan Eastfryslân fan it Sirksena-laach. Nei syn dea wurdt it regear fan Eastfryslân oernaam troch Freark II fan Prusen. |