List fan Nederlânske ûntdekkingsreizgers
Appearance
Dit is in list fan Nederlânske ûntdekkingsreizgers
- Olivier Brunel - 1584: Besiket de noardkust fan Aazje te befarren. Brunel hat earder al oer it lân de Ob berikt, yn tsjinst fan de Russyske famylje Stroganov.
- Willem Barentsz - 1594: Siket de noardeastrûte, mar komt fêst te sitten op de westkust fan Nova Zembla.
- Cornelis Nay - 1594: Fart Nova Zembla bylâns de Karasee yn.
- Willem Barentsz - 1595: Bisiket fergees Nova Zembla foarby te silen.
- Cornelis Houtman - 1596-1597: Earste Nederlânske reis de East-Yndyske arsjipel (it Yndoneezje fan no).
- Willem Barentsz - 1596-1597: Untdekt Spitsbergen. Fart de noarpunt fan Nova Sembla om en oerwinteret dêr.
- Jacques Mahu - 1598-1600: Besiket fia de Strjitte fan Magellaan Ynje te berikken. Ien fan syn skippen, ûnder Jacob Quackernaeck, lânet yn Japan.
- Olivier fan Noort - 1598-1601: Sylt troch de Strjitte Magellaan en de wrâld om.
- Joris van Spilbergen - 1602: Untdekt Seylon en sylt fan 1614-1617 de wrâld om.
- Willem Jansz - 1605-1606: Folget de súdkust fan Nij-Guinea en ûntdekt Austraalje.
- Henry Hudson (Ingelsman, mar doe yn Nederlânske tsjinst) - 1609: Untdekt de rivier de Hudson en befart dy oant it Albany fan no.
- Hendrik Brouwer - 1611: Untdekt in fluggere rûte nei East-Ynje troch de súdlike Yndyske Oseaan.
- Adriaen Block - 1613-1614: Folget de kust fan Nij Ingelân en fynt de rivier de Konnetikut dy't troch de Nederlânske kolonisten de Versche rivier neamd wurdt.
- Jan Jacobsz. May fan Schellinkhout - 1614: Untdekt Jan Mayen
- Dirck Hartog - 1616: Lânet op de westkust fan Austraalje
- Jacob Le Maire en Willem Cornelisz Schouten - 1615-1617: Untefreden oer it monopoalje fan de FEK siket Le Maire in eigen rûte nei Ynje en fynt dy ek troch Kaap Hoarn te omsilen.
- Jan Carstensz - 1623: Ferkent de kust fan Nij-Guinea en Kaap Yorkskiereilân. Willem Joosten fan Colster ûntdekt Arnhimlân op it kontinint Austraalje.
- François Thijssen - 1626-1627: Folget de súdkust fan Austraalje.
- François Pelsaert - 1628-1629: Slacht brek op de Houtman Abrolhos foar de kust fan Austraalje.
- Matthijs Quast - 1639: Undersiket de see beëasten Japan, en fynt de Bonyneilannen.
- Abel Tasman - 1642-1644: Untdekt Tasmaanje, Nij-Seelân en Tonga, ferkent de noardkust fan Austraalje.
- Maarten de Vries - 1643: Undersiket de kontreien om Japan, fynt Hokkaido, Sachalin en de Koerilen.
- Hendrick Hamel - 1653-1666: Slacht brek op Quelpaert-eilân (Cheju-do) en sit 13 jier fêst yn Korea.
- Simon van der Stel - 1685: Oanfierder fan in ekspedysje nei it noarden fan Kaap de Goede Hope ôf.
- Willem de Vlamingh - 1696-1697: Makket kaarten fan de westkust fan Austraalje.
- Jacob Roggeveen - 1721-1724: Siket nei Terra Australis en ûntdekt Peaskeilân.
- Samuel van der Putte - 1721-1745: Reizget oer lân nei Yndia, Tibet en Sina.
- Robert Jacob Gordon - 1773-1786: Makket fiif reizen troch it ynlân fan de Kaapprovinsje fan Súd-Afrika, beskriuwt floara en fauna en makket kaarten.
- Alexine Tinne - 1863-1869: Ferkent de Bahr-el-Ghazal yn súdlik Soedan, giet de Libyske Sahara yn, mar wurdt fermoarde troch Toeareg.
- Hendrikus Albertus Lorentz - 1907, 1909-1910: Lieder fan twa ekspeditysjes yn Nij-Guinea.