Lion Wagenaar
Lion Wagenaar (Amsterdam, 22 septimber 1855 - Amsterdam, 4 juny 1930) wie in Nederlânse opperrabbyn.[1]
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wagenaar waard yn Amsterdam berne as soan fan keapman Alexander Wagenaar en syn frou Nanette Ephraim van Praag. Hy boaske yn 1882 oan Helene Wormser (1857-1916), sy krigen tegearre fiif bern.
Wagenaar gie nei it Nederlânsk Israelitysk Seminarium, ûnder rektor Joseph Hirsch Dünner. Yn 1880 helle er de Moré-titel en it jier letter waard er konrektor fan it NIS.
Yn 1888 waard Wagenaar beneamd ta opperrabbyn fan het synagogaal resort Fryslân; hy folge dêr Baruch Bendit Dusnus op. Yn 1895 folget syn beneaming as opperrabbyn fan Gelderlân. Dêrneist wie er ferskate kearen ad interim opperrabbyn foar de ressorten Oerisel, Noard-Brabân, Limburch en Utert. Hy wie stifter en earste foarsitter fan de Vergadering van Opperrabbijnen in Nederland. Yn 1918 joech Wagenaar syn funksje as opperrabbyn oer en waard er rektor fan it Seminarium yn Amsterdam.
Wagenaar stoar yn de âldens fan 74 jier en waard njonken syn fou beïerdige op it joadske begraafplak Moscowa yn Arnhim.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |