Baruch Bendit Dusnus
Baruch Bendit Dusnus (De Haach, 4 april 1811 - Ljouwert, 31 jannewaris 1886) wie opperrabbyn fan Ljouwert en ressort Fryslân fan 1840-1886.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baruch Bendit Dusnus waard berne as soan fan Naphtali Dusnus en Sara Salomon Straus. Dusnus stamme út in bekend laach fan learden, syn pake fan heitekant wie opperrabbyn fan Nymwegen. Nei de Talmoed-Torahskoalle yn De Haach gie er nei Ryptsjerk dêr’t er op 30 jannewaris 1837 foar de wet troude mei Esther Leeuwensteen, dochter fan David Leeuwensteen, parnas (tsjerkfâd) fan Ljouwert, en Branco Sally de Jongh.
Koart nei de berte fan harren earste dochter, Branco, ferfear de húshâlding begjin 1838 nei Ljouwert. Rillegau waard Baruch Dusnus warber yn it Ljouwerter gemeentelibben en joech er de gemeente geregeldwei rabbinale rie. Op 7 april 1840 waard er beneamd as opperrabbyn fan Fryslân. Mei Dusnus krige Ljouwert in oerrabbyn dy’t yn de 44 jier dat er dat amt ferfolde syn stimpel op de gemeente drukte, in ynfloed dy’t wol oant de Twadde Wrâldkriich trochwurke hat.
De konservative Dusnus wie in bestrider fan modernisearring, yn syn gemeente en dêr bûten. Nei it ferstjerren fan opperrabbyn Salomon Jozef Rozenbach fungearre er fan 1849 oant 1853 yn it ressort Grins ad interim en feroarsake dêr in soad striderij fanwege syn konservatisme.
Doe’t koart foar syn 40-jierrich amtsjubileum yn 1880 syn frou stoar, fielde hy him sa iensum dat er emeritaat oanfrege (syn dochters wienen it hûs al út en wennen fan fierrens), mar dat waard tige ûngebrûklik achte. Drusnus hie graach yn it Hillige Lân stjerre wollen, mar hy ferstoar hommels yn de nacht fan 31 jannewaris 1886 ûnder it Torah-learen.
Koart nei syn dea waard de Drusnusferiening oprjochte, dy’t oant 1945 tal fan geskinken oan de gemeente die. Teffens krige in skoalle yn de Perkstrjitte syn namme, de Dusnus-skoalle, dêr’t in tinkstien syn namme hat.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|