Springe nei ynhâld

Linnaeushof

Ut Wikipedy
Linnaeushof
  ferdivedaasjepark
Monorail (2005)
Monorail (2005)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Bloemendaal
plak Bennebroek
adresRijksstraatweg
koördinaten52° 19' NB, 4° 35' EL
bysûnderheden
typeAttraksjejepark
eignerAspro Ocio
iepenIt hiele jier
attraksjes25
wetterattr.2
skiednis
iepening15 maaie 1963
gebou
boujier1963
offisjele webside
Webstee Linnaeushof
kaart
Linnaeushof (Noard-Hollân)
Linnaeushof
Lokaasje Linnaeushof

Linnaeushof is in attraksjepark yn Bennebroek yn de provinsje Noard-Hollân. De attraksjes yn it park binne net elektrysk oandreaun mar meganysk. Linnaeushof waard yn 1963 as boarterstún iepene troch skriuwer Godfried Bomans. Dêrfoar wie it in park foar blommetentoanstelling.

De "Linnaeushof" wie in part fan it oerplak fan bûten de Hartekamp en ferwiksele ferskate kearen fan eigener. Yn 1901 kaam it yn besit fan de "Binnenlandsche Exploitatie Maatschappij voor Onroerende Goederen". Yn 1954 ûntwerpt lânskipsarsjitekt Hans Warnau der in blommepark. De besteande plantekas waard omtsjoend ta in tropyske plantekas mei mear as 1000 soarten planten. Pieter Grijpstra iepene hjiryn yn dy perioade in miniatuer blommekorso dêr't de opbringsten alhiel fan takamen oan it Reade Krús. Yn de maitiid fan 1956 iepene it park ûnder de namme "Linnaeushof" foar it earst syn poarten.

Nei in muoisume start mei de blommen showtún waard begjin jierren sechstich in start makke mei de oanlis fan in lytse boarterstún. Dizze boarterstún waard op 15 maaie 1963 iepene troch skriuwer Godfried Bomans. Fan 1975 ôf is de "Linnaeushof" allinne in boarterstún. In grutte plantekas is binnentún wurden. De blommen en planten makken ûnder lieding fan soan Frits Grijpstra hieltyd mear plak foar attraksjes en nije boarterstastellen.

Pakesizzer Sander Grijpstra naam yn 1998 de deistige lieding fan it park oer. Yn 2012 ferkocht er syn oandielen yn de Linnaeushof oan de Spaanske groep Aspro Ocio.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Ferdivedaasjeparken yn Nederlân
    Fryslân
    Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark
    Nederlân
    Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld
    Eardere ferdivedaasjeparken
    Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble
    · · Berjocht bewurkje