Limassol
Limassol Λεμεσός | ||
Agia Napa-katedraal | ||
Bestjoer | ||
Lân | Syprus | |
Distrikt | Limassol | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 108.105 (2021) | |
Oerflak | 34,87 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Simmertiid | UTC +3 | |
Koördinaten | 34° 40' N 33° 2' E | |
Offisjele webside | ||
www.limassol.org.cy | ||
Kaart | ||
Limassol, ek wol stavere as Limasol (Gryksk : Λεμεσός, Lemesos, Turksk: Limasol), is in havenstêd op Syprus. De stêd leit yn it suden fan it eilân oan 'e Middellânske See en oan 'e Baai fan Akrotiri, noard fan it skiereilân Akrotiri. Limasol is de op ien nei grutste stêd op it eilân. It distrikt Limassol, dat it súdlikste diel fan it eilân beslacht, is nei de stêd neamd. Limassol is ek de haadstêd fan it distrikt Limassol.
Sûnt de dieling fan Syprus yn 1974 hat Limassol in rappe ekonomyske ûntwikkeling meimakke. Tsjintwurdich is it in belangryk finansjeel sintrum en hâlde in soad offshore-bedriuwen dêr kantoar. Ek stiet yn Limassol de Technnyske Universiteit fan Syprus.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De omkriten fan Limassol wurdt al sûnt de stientiid bewenne. De hjoeddeiske stêd leit tusken de âlde stêden Amathus en Kourion. Alde grêven datearje út 2000 f.Kr. en oannommen wurdt dat de stêd fanút Amathus stifte waard. It plak wurdt foar it earst yn 451 neamd, de namme Lemesos komt foar it earst yn 'e 10e iuw foar.
De skiednis fan 'e stêd is nau mei de Tredde Krústocht ferbûn, doe't Richard Liuwehert yn 1191 nei it Hillige Lân reizge. Op Syprus naam er de Byzantynske steedhâlder Isaak Comnenus finzen en hy stelde it eilân ûnder Anglonormandysk bestjoer. Richard Liuwehert fierde syn houlik mei Berengaria fan Navarra yn 'e stêd. Neffens de tradysje troude Richard Liuwehert mei Berengaria fan Navarra yn it kastiel, mar dat is net sa. It kastiel waard nammentlik net yn 1191 boud, doet Richard op Syprus wie. Yn stee dêrfan soe neffens boarnen it houlik plakfûn hat yn 'e lytse Sint-Joaristsjerke, dy't net mear bestiet. It hjoeddeiske kastiel hat it oansjen lykas it yn 'e Ottomaanske tiid wie. Hy joech opdracht om Amathus te ferneatigjen en de bewenners dêrfan setten harren dêrnei yn Limassol nei wenjen.
Tusken 1192 en 1570 bloeide Limassol. Sûnt 1489 stie de stêd ûnder Feneesiaansk bestjoer. Yn july 1570 namen de Ottomanen de stêd sûnder grut ferset yn.
Sûnt de 18e iuw wurken Grykske gelearden yn 'e stêd, dy't ûnderwiis joegen yn Grykske skiednis, Frânsk en Turksk. Yn 'e earste helte fan 'e 19e iuw waarden trije skoallen stifte.
Syprus waard yn 1878 troch de Britten ynnommen en dy beneamden kolonel Warren as bestjoerde fan 'e stêd. De ynfrakstruktuer fan 'e stêd waard ferbettere, de stêd krige en post- en telegraaftsjinst, in sikehûs en sûnt 1912 waard de stêd op elektrisiteit oansletten. De Britten ha noch militêre bases op it eilân, ien dêrfan leit net fier fan Limasol.
Mei de Turkske ynvaazje fan 1974 flechten in soad Gryksk-Syprioaten fanút it noarden fan it eilân nei stêden lykas Larnaka en Limassol. De Turkske besetting fan Noard-Syprus feroarsake in grutte groei fan 'e stêd en de útbou fan de havenfunksje mei de Republyk Syprus syn haven yn Kyrenia en Famagusta ferlear. Sûnt konsintrearre ek it toerisme fan Syprus him op it súdlike diel fan Syprus en sa profitearre ek Limasol fan in grutte toeristyske groei.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Argeologysk Museum Limasol (adres: Lord Byron).
- It Folkekundich Museum (adres: Agiou Andreou 253) lit Syprioatysk hânwurk, klaaiïng en oare saken sjen.
- It Midsiuwsk Museum fan Limasol is ûnderbrocht yn it kastiel, dat yn 'e 13e iuw boud waard op de resten fan in fersterkingskompleks. It tsjinne as ferdigeningswurk, finzenis en garnizoensplak.
- Teäter Museum (adres: Panos Solomonides 8).
- Motor Museum (adres:Epimitheos).
- It yn 1210 boude kastiel Kolossi stiet bûten de stêd.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Agia Napa-katedraal (1906).
- Panagia Karmiotissa, 14e iuwske goatyske kleastertsjerke.
- Sint-Katarinatsjerke (1879).
Ferkear en ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Limasol hat goede ferbinings mei oare stêden op Syprus, lykas de haadstêd Nikosia, Larnaka en Pafos. Der ride gjin treinen op it eilân.
De stêd hat twa havens, de âlde en de nije haven. Fanút de nije haven ûnderhâlde fearboaten ferbinings mei oare stêden oan 'e Middellânske See, lykas Rhodos, Israel en Egypte. Ek komme in soad cruiseskippen yn Limasol. De wichtichste boarnen fan ynkomsten fan 'e stêd binne toerisme en, fanwegen de gaadlike lokaasje oan it Troödosberchtme, de wynbou.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Heechbou yn Limassol.
-
Grutte Moskee.
-
Armeenske tsjerke.
-
Kastiel Kolossi.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|