Kastiel fan Limassol
Kastiel fan Limassol | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Syprus | |
distrikt | Limassol | |
plak | Limassol | |
adres | Ankara 73 | |
koördinaten | 34°40 N, 33°2 'E | |
Skiednis | ||
boujier | ?-1590 | |
Kaart | ||
It Kastiel fan Limassol (Gryksk: Κάστρο Λεμεσού) is in kastiel by de âlde haven yn it hert fan it histoaryske sintrum fan Limassol op Cyprus. It hjoeddeiske oansjen fan it kastiel datearret fan in werbou om 1590 hinne ûnder Ottomaanske bewâld. Sûnt 1986 is it kastiel in Midsiuwsk Museum, dat saken presintearret út de midsiuwen op Syprus, lykas ierdewurk, grêfstiennen, Byzantynske sulverkeunst, wapens, munten ensafuorthinne. De ierkristlike, Byzantynske, Frankyske, Fenesiaanske en lang om let de Turkske perioades komme allegear oan bod.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens argeologysk ûndersyk yn it kastiel waard it kastiel boud op in iere kristlike basilyk út de 4e oant 7e iuw en in Byzantynsk monumint út de 10e oant de 11e iuw. Oare fynsten ûnder it kastiel tsjûgje fan in belangrike tsjerke, mooglik de earste katedraal fan Limassol.
Neffens Etienne Lusignan waard it oarspronklike kastiel yn 1193 boud troch Guy de Lusignan. De earste offisjele fermelding fan it fort datearret út 1228, doe't Freark II fan it Hillige Roomske Ryk mei syn leger oer Syprus nei syn Keninkryk Jeruzalim reizge. Fan 'e bou oant it begjin fan 'e 16e iuw rekke it kastiel faak skansearre troch de oanfallen fan 'e Genuezen en de Mammelukken en ek de ierdskoddings, mar hieltiten wer folge in renovaasje en rekonstruksje. re.
Yn 1538 oermasteren de Ottomanen Limassol en it kastiel. De Fenesiaanske gûverneur fan Syprus joech nei't er it kastiel werom ferovere opdracht om it te slopen, om sa in mooglik yn beslachnimmen tefoarren te kommen. De ferneatiging waard yn 1567-1568 foltôge. Nei de Ottomaanske oermastering fan Syprus yn 1576 waarden de resten of dielen fan 'e resten fan it kastiel opnommen yn in nij en sterker Ottomaansk fort, dat yn 1590 foltôge waard. De ûndergrûnske romte en de earste ferdjipping waarden ta finzenissellen ferboud en bleaune oant 1950 yn gebrûk.
Neffens de tradysje troude Richard Liuwehert op it kastiel mei Berengaria fan Navarre yn 1191 en kroande har ta keninginne fan Ingelân. Dat is lykwols net mooglik om 't it kastiel doe noch net bestie. Der binne boarnen dat de lokaasje dêrfan de Sint-Joaristsjerke fan Limossol west hat, dy't hjoed-de-dei net mear bestiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|