Lilimar Hernandez

Ut Wikipedy
Lilimar Hernandez
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lilimar Hernández
nasjonaliteit Fenezolaansk
Amerikaansk
berne 2 juny 2000
berteplak Isla Margarita (Fenezuëla)
etnisiteit Kubaansk
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Lilimar Hernandez op Twitter

Lilimar Hernandez (Isla Margarita, 2 juny 2000) is in Fenezolaansk-Amerikaansk aktrise fan etnysk Kubaansk komôf. Se stiet ek wol bekend ûnder inkeld har foarnamme Lilimar. Se hat benammen bekendheid krigen mei rollen yn bernesearjes op 'e tillefyzjestjoerder Nickelodeon.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lilimar waard yn 2000 berne op it bekende fakânsje-eilân Isla Margarita, yn Fenezuëla. Dat wie wêr't har âlden, dy't beiden fan Kubaansk komôf binne, doe wennen. Yn 2006, doe't se seis jier âld wie, emigrearre se mei har famylje nei de Feriene Steaten, dêr't se harren nei wenjen setten yn Miami, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Mei njoggen jier krige Lilmar har earste aktearlessen.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lilimar sette yn 2013 útein mei in karriêre as aktrise. Se wie doe trettjin jier. Har earste rol op 'e tillefyzje wie in gastrol yn 'e searje Rosario. Datselde jiers wurke se as stimaktrise mei oan 'e tekenfilm The Little Ghost. Utsein rollen yn twa koarte films yn 2014 en in rol yn 'e websearje Life after First Failure yn 2017 hat Lilimar sûnt allinnich mar foar de tillefyzje wurke. Dêrby wie se benammen te sjen yn bernesearjes fan 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder Nickelodeon.

Yn 2014 spile se yn 'e tillefyzjefilm Smart Alec, dy't oarspronklik bedoeld wie as pilotôflevering fan in (ûnferkochte) tillefyzjesearje. Yn 2015 en 2016 hie Lilimar har earste haadrol en teffens ien fan har bekendste rollen, as Sophie yn 'e rige Bella and the Bulldogs. Dêrfoar krige se yn 2015 de Imagen Award yn 'e kategory 'bêste jonge aktrise (tillefyzje)'. In oare rol, dêr't se noch bekender mei waard, hie Lilimar fan 2018 ôf yn 'e bernesearje Knight Squad, as de grommelige Sage. Yn 2018 wurke se fierders ek mei oan fiif ôfleverings fan 'e tekenfilmrige Spirit Riding Free, wêrfoar't se har stim liende oan it personaazje Solana.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anno 2018 wenne Lilimar mei har mem Mayte en har beppe yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja wie dêrhinne yn 2015 út Miami wei ferhuze, doe't hja de rol yn Bella and the Bulldogs krige. Lilimar hat de heterogromy, wat betsjut dat har eagen ferskillende kleuren hawwe: har loftereach is brún en har rjochtereach is grien.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.