Libris Literatuer Priis
De Libris Literatuer Priis is in priis dy't alle jierren útrikt wurdt foar it bêste Nederlânsktalige literêre fiksjeboek út it foarrige kalinderjier. Nammejouwer fan de priis is de sponsor, boekhannelskeatling Libris.
De Booker Prize stie model foar de Librispriis. Nei in karút fan 18 titels (longlist), folget in nominaasjebekendmakking fan 6 titels en letter in winner. De seleksje fan titels en skriuwers bart troch in sjuery fan 5 persoanen, dy't gearstald wurdt troch de inisjatyfnimmer fan de priis, Stichting Literatuer Priis.
De sjueryfoarsitter makket healweis maart yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam de shortlist fan 6 titels bekend. De priis wurdt mids maaie útrikt op in galadiner yn de Spegelseal fan it Amstel Hotel yn Amsterdam. De auteur fan it winnend boek kriget in oarkonde en in bedrach fan € 50.000. De auteurs fan de oare fiif boeken krije € 2500 de man.
Mei de AKO Literatuerpriis en de Gouden Uil hat de Libris Literatuer Priis in heech prizejild.
Yn 2008 waard foar 't earst in graphic novel, in literêr stripboek, nominearre (Verder fan Marc Legendre) en is de priis foar it earst oan in ferhalebodel takend (D. Hooijer - Sleur is een roofdier).
In stik as wat dagen nei de útrikking oan Bernard Dewulf yn 2010, makke de stichting bekend dat de priis fan dat stuit ôf oan allinne beskikber wêze sil foar literêre romans om sadwaande it tal ynstjoerings te beheinen.
Untfangers en titels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele webside
- Librisprijs voortaan alleen voor romans nrc boeken, 3 juny 2010