Springe nei ynhâld

Levantynske See

Ut Wikipedy
Levantynske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken Lyts-Aazje en Egypte
lân Egypte
Grikelân
Israel
Libanon
Lybje
Palestina
Syprus
Syrje
Turkije
koördinaten 34° N, 34° E
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
maks. lingte 1.000 km
maks. breedte 600 km
oerflak 320.000 km²
djiptegemiddelde 1.500 m
djipste punt 4.384 m
wetterfolume 750.000 km³

De Levantynske See is de namme foar it eastlik part fan de Middellânske See (beëasten 24° EL). De Levantynske See wurdt begrinzge troch Turkije yn it noarden, Syrje, Libanon en Israel yn it easten en Egypte yn it suden. Súdwestlik grinzget dizze see oan de Golf fan Sirte en yn it noardwesten oan de Egeyske See en de Ioanyske See. De Libyske See foarmet yn 'e measte definysjes it súdwestlikste diel fan 'e Levantynske See. It grutste eilân yn de Levantyske See is Syprus.

De grutste rivier dy't yn de Levantynske See mûnet is de Nyl. Eastlik fan de Nyldelta foarmet it Suezkanaal de ferbining mei de Reade See.

De namme Levantynske See ferwiisd nei de Levant, it eastlik kustgebiet fan de Middellânske See dat al sûnt de âldheid in wichtige hannelsbestimming is.