Golf fan Sirte

Ut Wikipedy
Golf fan Sirte
Satellytfoto fan 'e Golf fan Sirte.
Satellytfoto fan 'e Golf fan Sirte.
geografy
type wetter rânesee
lokaasje foar de noardkust fan Lybje
lân Lybje
koördinaten 31°30′N 18°00′E
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
maks. lingte 439 km
maks. breedte 177 km
oerflak 57.000 km²

De Golf fan Sirte (ek wol de Golf fan Sidra neamd) wurdt foarme troch in ynham fan 'e Middellânske See yn 'e kust fan Noard-Afrika. It is feitliks it súdlikste diel fan 'e Middellânske See, dat foar de kust fan Lybje leit. Fan west nei east is dit wetter 439 km lang, wylst it op it breedste plak 177 km fan noard nei súd mjit. Yn totaal beslacht de Golf fan Sirte in oerflak fan 57.000 km². It wetter is ferneamd nei de stêd Sirte (of Sidra), dy't oan 'e súdwestkust leit.

De Golf fan Sirte is al iuwenlang in sintrum fan 'e tonynfiskerij yn 'e Middellânske See. Yn 'e 1980-er jierren besocht de Libyske diktator Muammar Kadaffi om 'e territoriale wetters fan syn lân oer de hiele Golf fan Sirte út te wreidzjen. Dat late ferskate kearen ta ynsidinten mei de Feriene Steaten, dy't skippen fan har yn 'e Middellânske See stasjonearre Sechsde Float de Golf binnenfarre lieten om dúdlik te meitsjen dat sy it noch altyd as ynternasjonale wetters beskôgen. Yn 1981, 1986 en 1989 fûnen der wapene ynsidinten plak tusken Lybje en de Feriene Steaten, dy't foar in part mei de ûnienichheid oer de Golf fan Sirte te krijen hiene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.