Springe nei ynhâld

Leon Trotski

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Leon Trotsky)
Leon Trotski

Leon Trotski (Russysk: Лев Троцкий/Lev Trotski) (Janowka (de Oekraïne), 7 novimber 1879Coyoacán (suden fan Meksiko- stêd), 21 augustus 1940), eigentlik Lev Davidovitsj Bronstein (Лев Давидович Бронштейн), wie in Russyske revolúsjonêr en politikus dy’t ferneamd waard as ien fan de wichtichste gesichten fan de revolúsje.

Foar de revolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trotski groeide op yn in Joadske húshâlding yn de Oekraïne. Doe't er 17 waard sluet er him oan by de Russyske Sosjaal Demokratyske Arbeiderspartij. Twa jier letter waard er foar it earst arrestearre fanwege revolúsjonêre aktiviteiten. Nei in pear moannen yn iensume opsluting waard er fuortbrocht nei Sibearje. Hy wist dêr te ûntsnappen en gie troch nei Londen. Op it twadde kongres fan de Russyske Sosjaal Demokratyske Arbeiderspartij sluet er him oan by de mensjewiken. Dat soe Jozef Stalin letter tsjin him brûke. Yn 1904 bruts er mei de mensjewiken en oant 1917 bleau er in ûnôfhinklike sosjaal-demokraat.

Yn Sint Petersburch naam er yn 1905 de lieding fan de earste sowjet op him. Hy waard wer arrestearre en wer nei Sibearje brocht. En opnij wist hy te ûntsnappen. Trotski gie nei Jeropa. Yn Frankryk waard er útsetten omdat er in kommunistyske organisaasje oan it opsetten wie yn Parys. Trotski sette ôf nei de Feriene Steaten en fan dêrút kaam hy yn maaie 1917 oan yn Sint Petersburch dêr't er it foarsitterskip fan de pleatselike sowjet op him naam.

Oktoberrevolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de oktoberrevolúsje sluet Trotski him oan by de bolsjewiken en waard hy ien fan de neiste meiwurkers fan Vladimir Lenin. Trotski waard ta Folkskommissaris foar bûtenlânske saken neamd en ûnderhannele by de Frede fan Brest-Litovsk yn de Earste Wrâldkriich. Troch ynterne ferdieldheid yn de sovjetregearing en ynskattingsflaters fan Trotski, mislearren dy yn earste ynstânsje wêrtroch't de kriich langer duorre hat as needsaaklik wie. Ruslân moast dêrom tige ûngeunstige betingsten ûndertekenje. Trotski en ferskate fraksjes yn de sowjetregearing hoopten dat yn Dútslân de revolúsje slagje soe sa't dat lân de kant fan Ruslân kieze soe yn de Kriich mei in pan-Jeropeeske revolúsje kriich ta gefolch.

Stalin hie fan it begjin ôf in hekel oan Trotski en Trotski ek oan him. De arbeiders en de Joadske yntellektueel koenen troch it ferskil fan karakter net troch ien doar. Trotski wie yn it begjin fierút de meardere fan Stalin, hy bêde him del mei syn retoryk, ien kear sels yn it iepenbier. Stalin dy’t net ien ferjoech en hast nea wat fergeat sei dat er in kampioen wie mei nepspieren en ferwite him dat hy him pas by de bolsjewiken oansleat doe't de striid al lang wûn wie. Lenin moast faak tuskenbeide komme wêrby't hy it faak opnaam foar de foar it each swakkere en minder yntelliginte Stalin.

Trotski waard by it útbrekken fan de boargerkriich yn Ruslân beneamd ta folkskommissaris foar kriich. Hy organisearre it Reade leger, ûnder oaren troch eardere offisieren fan it keizerlike leger ta meiwurking te twingen troch harren famyljes te bedrigen. Mei muoite wisten se it Wite leger te ferslaan. Under lieding fan Trotski ûntwikkele it Reade Leger him ta in doelmjittich middel ta ferdigening fan de revolúsje. It leger waard in soad ynset tsjin demonstraasjes en stakingen. Ek de ekonomy moast neffens Trotski militêrisearre wurde. Net produktive en arbeiders dy't net wurkje woene moasten eksekutearre wurde.

Dy kriichsekonomy makke de befolking poerlilk en it late ta in grut oantal stakingen. Yn 1921 sette Trotski it leger yn tsjin stakende seelju op de marinebasis Kronsjtadt. Dy minsken woenen graach frije ferkiezingen en frijlitting fan loftse politike finzenen. Mei't dêr op folgjende bloedbad kaam in ein oan it lêste grutskalige ferset tsjin de kommunistyske regearing. Trotski krige letter in soad kommentaar op syn rol yn dat hiel. Trotski besocht letter, doe't her yn Meksiko wie, om him sels te ferdigenjen. Hy sei dat in revolúsje it rjocht hie om himsels te rêden tsjin in kontrarevolúsje.

Yn de boargerkriich, dêr't de stêd Tsaritsyn, letter Stalingrad, no Volgograd yn belegere waard, ûntstie der fannijs rebûlje tusken Stalin en Trotski. Datkear oer de befoarrieding. Op 'e nij like Trotski de rûzje te winnen, omreden de militêre lieders it mei him iens wienen. Lenin soarge dêrfoar dat Stalin earfol nei Moskou weromkomme koe.

Stalin hie de folsleine macht krigen oer it partijapparaat. Dat omreden Lenin siik wie en de boargerkriich oan 'e gong wie. Oan de oare kant wie Trotski lieder fan it Reade Leger. Nei de dea fan Lenin ûntstie in striid om de macht. Nettsjinsteande dat Lenin earder stipe oan Stalin joech, hie er yn syn testamint dúdlik warskôge foar Stalin. Stalin liet dat dokumint ferdwine. Ut it partijapparaat wei koe Stalin it gesach fan Trotski ferminderje. Trotski wie in foarstanner fan in permaninte revolúsje wylst Stalin it idee fan de opbou fan sosjalisme yn ien lân oanhong. Yn 1925 koe Trotski net mear rekkenje op stipe yn de partijtop. Hy rekke syn direkte ynfloed op de polityk kwyt. Twa jier letter waard er rojearre as partijlid en yn 1929 sels deportearre. Dêrnei moast er it lân sels ferlitte.

Trotski yn 1917

Koarte tiid hâlde hy ta yn Turkije dêr't Ruslân noch ticht by him wie. Yn Parys skreau hy syn fyzje op de skiednis fan de revolúsje. Yn 1938 wie er de oprjochter fan de fjirde ynternasjonale. Nei Parys gie er nei Meksiko, dat er op útnûging fan presidint Lázaro Cárdenas die. Yn Meksiko waard him ûnderdak oanbean troch it skilderskeppel Diego Rivera en syn frou Frida Kahlo. Mei dy frou soe er koart in relaasje hân hawwe. Trotski ferdigene de Meksikaanske revolúsje. Hy stelde foar dat de lannen fan Latynsk Amearika har ûnder lieding fan Meksiko ferienje moasten yn in “Uny fan Amerikaanske Sowjetrepubliken” om sa better tsjinstân tsjin de Feriene Steaten te hawwen.

De rol fan Trotski foar en yn de Twadde Wrâldkriich is frjemd. Sa ropte er yn 1938 yn folle tarieding op de wrâldkriich op ta in feroaring fan lieders fan de Sowjet-Uny. Hy stelde dat de USSR harren rjochtsje moatte op it wurk fan iepenbier nut ynstee fan bewapeningsprogramma’s.

De ein fan syn libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In geheim agint fan Stalin, Ramón Mercader, krige tagong op 20 augustus ta it swier bewekke ferbliuw fan Leon Trotski troch him foar te dwaan as de ferloofde fan de suster fan de siktaresse. Hy die him foar as Jacques Monard, in Belgyske sjoernalist dy’t krekt in artikel foarlizze woe. Doe't Trotski it stik lêze woe by syn buro sloech de agint him mei in iisbile de holle yn. Op 21 augustus 1940 ferstoar Leon Trotski yn in sikehûs oan syn ferwûnings. Diego Rivera en Frida Kahlo waarden in skoftke troch de polysje fertocht fan de moardnerij.

Yn augustus 2005 kaam de dochter fan de kommandant fan de Meksikaanske polysje mei de iispriem oansetten. Op dy iispriem sieten bloedplakken. Volkov Trotski, de pakesizzer fan Trotski hat syn DNA oanbean om dat te ferlykjen my de bloedplakken.

Der bestiet noch altyd in streaming yn it kommunisme dy’t him basearret op de ideeën fan Trotski.

  • 1906 - Resultaten en foarútsichten
  • 1909 - Wêrom marksten yndividuele terreur ôfwize
  • 1924 - De lessen fan Oktober
  • 1924 - Fraachstikken fan de boargerkriich
  • 1924 - It belang en de metoade fan antireligieuze propaganda
  • 1924 - Revolutionêre keunst en sosjalistyske keunst
  • 1924 - Literatuer en revolúsje
  • 1929 - De permaninte revolúsje
  • 1931 - De Spaanske revolúsje en de gefaren dy’t har bedrige”
  • 1932 - De Russyske revolúsje
  • 1934 - Bonapartisme en fassisme
  • 1934 - De arbeidermilysje en har tsjinstanners”
  • 1935 - Arbeiderssteat, termidor en bonapartisme
  • 1936Harren moraal en ús moraal
  • 1937 - It Kommunistysk Manifest fan hjoed
  • 1937 - Stalinisme en bolsjewisme
  • 1937 - Klasse, partij en lieding
  • 1937 - De les fan Spanje. Lêste warskôging”
  • 1938 - It oergongsprogramma
  • 1938 - Diskusje oer it oergongsprogramma”
  • 1939 - It ABC fan de materialistyske dialektyk
  • 1939 - Het marksisme fan hjoed
  • 1940 - De fakbûnen yn it tiidrek fan de ymperialistyske ûntaarding
  • 1940 - Trije opfettings oer de Russyske revolúsje”
  • 1940 - Testamint
  • 1944 - Fassisme, wat is it en hoe te bestriden”

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stim fan Trotski