Leo Popma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Leo Popma

Leo Obe Maria Popma (Warkum, 17 febrewaris 1938) is in Frysk skriuwer en bibletekaris.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy ferhuze yn 1948 nei Frjentsjer. Syn gymnasiumoplieding folge er yn in ynternaat yn Megen, tichtby Oss. Hy wie tolve jier doe't er dêr hinne gie en earst slim ûnwennich. Op syn tweintichste kaam er werom nei Fryslân en begûn er mei in biblioteekoplieding yn Grins. Hy kaam foar it praktyske part yn tsjinst fan de bibleteek Frjentsjer en gie foar de teory nei Grins. Yn 1965 makke er de ferfolchoplieding ôf oan de Keninklike Bibleteek yn De Haach. Dêrnei hat er in jier fearn foar de Holland-Amerikaline en de Rotterdamsche Lloyd, om de wrâld te sjen en om út te finen wat er fierder mei syn libben woe. Syn hert lei dochs by it bibleteekwurk, hy krige wurk by de Sintrale Biblioteektsjinst yn Ljouwert. Hy klom op ta direkteur fan de Sintrale Bibleteektsjinst. Yn 1993 waard er siktaris fan de Nederlandse Vereniging van Openbare Bibliotheken yn De Haach. Yn dy funksjes koe er syn nocht oan reizgjen en syn nijsgjirrigens nei oare kultueren geregeldwei kombinearje mei syn wurk.

Skriuwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Popmas earste Nederlânsktalige gedichten en ferhalen skreau er yn de skoalkrante. Nei't er him by de Afûk it Frysk goed eigenmakke hie, publisearre er yn it literêr tydskrift De Tsjerne. Njonken eigen wurk, warde er him ek as besprekker fan boeken en skreau er skôgings fan proaza en poëzij foar de tydskriften Sonde en Trotwaer. Boppedat liet er him hearre op de doetiids ferneamde dichterfestivals; hy kaam foar it fuotljocht yn û.o. Drachten en Ljouwert. Hy debutearre yn 1967 mei de dichtbondel In weak reservaet. Yn 1971 kaam syn proazadebút mei de roman In kwestje fan hûd, yn datselde jier ferskynde ek syn toanielstik Dalek : in skimespul dêr't er de Toanielpriis fan de Provinsje Fryslân foar krige. Tusken 1964 en 1967 wûn er seis kear in Rely Jorritsmapriis. Dêrnjonken wie er seis jier redakteur fan De Tsjerne en letter, doe't De Tsjerne oergong wie nei Trotwaer, foar dat blêd. Nei de earste trije publikaasjes yn boekfoarm like it literêre fjoer yn Popma dwêst te wêzen.

It hat tritich jier duorre foardat er him op 'e nij oppenearre yn de Fryske-literêre wrâld. Pas yn 2002 ferskynde de ferhalebondel Himelsk ferwulf. Twa jier letter folge troch in nije roman De wraakingel, in psychologyske roman dy't ek in aspekt fan in thriller yn him hat.

Syn taal is somtiden poëtysk, syn Frysk fersoarge. Popma brûkt wurk út de wrâldliteratuer om plot en tema te ferdjipjen en bout, yn guon gefallen, bewust fuort op it wurk fan oare skriuwers. Ek it feit dat er in soad reizge hat is yn syn wurk werom te finen.

By Utjouwerij Frysk & Frij is de roman As gong der in oar op kommende wei. Op 27 april sil it boek oanbean wurde yn it tsjerkje fan Blessum.

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • In weak reservaet (poëzij, 1971)
  • In kwesty fan hûd : votyfboek (roman, 1971)
  • Himelsk ferwulf (ferhalebondel, 2002)
  • De wraakingel (roman, 2004)
  • As gong dêr in oar (roman, 2013)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1964 : Rely Jorritsmapriis foar fers Blues fan de sûndfloed
  • 1965 : Rely Jorritsmapriis foar ferhaal Komsik
  • 1965 : Rely Jorritsmapriis foar fers Stêd fan it werkennen
  • 1966 : Rely Jorritsmapriis foar ferhaal De trein
  • 1966 : Rely Jorritsmapriis foar fers Myn folk myn kening
  • 1967 : Rely Jorritsmapriis foar ferhaal Wachtwurd
  • 1971 : Toanielpriis provinsje Fryslân foar Dalek: in skimespul

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: