Springe nei ynhâld

Lawrence Van Gelder

Ut Wikipedy
Lawrence Van Gelder
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lawrence Ralph Van Gelder
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 febrewaris 1933
berteplak New York (New York)
stoarn 11 maart 2016
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus
jierren aktyf 19532010
offisjele webside
Lawrence Van Gelder yn 'e IMDb

Lawrence Van Gelder (folút: Lawrence Ralph Van Gelder; New York, 17 febrewaris 1933 – dêre, 11 maart 2016) wie in Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus en dosint sjoernalistyk.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komôf, jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Gelder waard yn 1933 berne yn New York yn in famylje fan etnysk Nederlânsk komôf. De foaroansteande biolooch Richard Van Gelder wie syn broer, en Gordon Van Gelder, in boekeredakteur en de útjouwer fan The Magazine of Fantasy & Science Fiction, wie syn omkesizzer. De argeologe Leslie Van Gelder wie ek in omkesizzer fan him. Van Gelder krige syn oplieding oan 'e Columbia Universiteit, dêr't er yn 1953 ôfstudearre.

Yn syn lange karriêre wurke Van Gelder by ferskate kranten yn syn berteplak New York. Dêrûnder wiene de New York Daily Mirror, de New York Journal-American en de World-Journal-Tribune. Oant en mei 2010 wie er senior redakteur fan it wyklikse katern Arts and Leisure ("Keunsten en Frije Tiid") fan The New York Times. Dêrnjonken skreau er ek filmresinsjes foar dat deiblêd.

Lawrence Van Gelder ferstoar yn 2016 yn 'e âlderdom fan 83 jier oan leiomyosarkoom, in foarm fan kanker.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.