Lambertustsjerke (Menaam)
Lambertustsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Menaam | |
adres | Skilpaed 2 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
arsjitekt | J. Douma, Ljouwert (toer) | |
boustyl | Eklektisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 28569 | |
offisjele webside | ||
PKN Menaam |
De Lambertustsjerke is de eardere herfoarme en tsjintwurdige tsjerke fan de protestantske gemeente fan Menaam. De tsjerke is in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard boud yn 1874 op it plak fan in oarspronklik oan de hillige Lambertus wijde midsiuwske tsjerke. De neffens in ûntwerp fan J.I. Douma út Ljouwert boude toer is wat âlder en ferfong yn 1866 de âlde sealtektoer. It ûntwerp fan de tsjerke waard útfierd troch M. en J.P. Boonstra út Menaam.
Bekriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lange op in terp steande tsjerke hat rûnbôgige finsters en is boud yn de styl fan it eklektisisme. Oan de noarlike kant is in oanbou mei in konsistoarje. De toer hat in ynsnuorre spits.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De binnenromte wurdt oerkape troch in tonferwulft. De stúkte muorren wurde ûnderbrutsen troch pilasters en korintyske kapitelen. Under de kroanlisten en yn de bôgen is sierstúkwurk oanbrocht.
De Ljouwerter Gerryt Nijhoff makke yn 1672 de preekstoel foar de tsjerke. Tusken de draaide pylderkes oan de kûp binne fjilden mei allegoaryske foarstellings te sjen. De preekstoel stiet op it tradisjonele plak oan de súdlike muorre achter in doophek.[1] Yn de tsjerke steane twa hearebanken. De âldste fan de twa draacht op de kape it wapen fan de famylje Kamstra-Aebinga. De petroaljelampen út de boutiid fan de tsjerke binne noch oanwêzich.
By de lêste restauraasje waarden yn de noardlike oanbou kleastermoppen fan foar 1500 fûn, dy't op 'e nij brûkt binne en as histoarysk eleminten sichtber bliuwe. Tusken it skip en de sydfleugel is in glêzen wand oplutsen, wêrfan't in diel ferskood wurde kin om der wer ien romte fan te meitsjen. Ek is it sanitêr yn de tsjerke fernijd en is der in flakke flier yn de sydfleugel lein.[2] By it ferwiderjen fan de âlde flier binne in tal 16e en 17e iuwske grêfsarken fûn.
Yn de toer hinget in klok út 1473 dy't getten waard troch Jehannes fan Dimter en in klok út 1619 fan Hans Falck.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjintwurdige oargel waard yn 1861 troch Willem Hardorff boud. It ferfong doe in oargel fan Christian Müller út 1747. It twamanualige oargel telt 29 registers ferdield oer haadwurk (12), boppewurk (9) en frij pedaal (8). It Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga brocht yn 1929 feroarings yn de disposysje oan. In lêste grutte restauraasje fûn plak yn 1988-1989. It ûntwerp fan de kast fan it oargel wie oarspronklik foar in nij oargel yn Heech ornearre.[3] It oargel yn Menaam heart ta de grutste oargels fan de Fryske doarpstsjerken.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|