Springe nei ynhâld

Kinsjasa

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Léopoldville)
Kinsjasa
Kinshasa (Frânsk)
Kinsasa (Kikongo)
Kinsjasa mei de Kongo op de eftergrûn
Kinsjasa mei de Kongo op de eftergrûn
Polityk
Lân Demokratyske Republyk Kongo
Sifers
Ynwennertal 10.076.099 (2009, stedsprovinsje)
Oerflak 9.965 km²
Befolkingsticht. 1.011,1/km²
Hichte 240 m
Oar
Stifting 1881
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjeel webstee fan Kinsjasa
Lizzing stedsprovinsje Kinsjasa yn Kongo

Kinsjasa of Kinshasa (offisjeel: Kinshasa, earder Leopoldstêd; Lingala: Kinsásá) is de haadstêd en grutste stêd fan de Demokratyske Republyk Kongo en ien fan de grutste stêden fan Afrika besuden de Sahara. It is in stêd fan grutte kontrasten mei sjike wenwiken, kommersjele wiken, twa universiteiten en syn útwreidzjende krottewiken neist elkoar. Kinsjasa leit oan de súdigge fan de rivier de Kongo, fuort foar Brazzaville oer, haadstêd fan de Republyk Kongo.

De stêd waard yn 1881 stifte troch Henry Morton Stanley as hannelspost en waard troch him Léopoldville (Leopoldstêd) neamd as earbetoan oan kening Leopold II, dy't it enoarme gebiet bestjoerde dat no de Demokratyske Republyk Kongo is. De post bloeide; it wie de lêste befarbere haven oan de Kongo foar de Livingstonewetterfallen. Yn it earstoan moast alle hannelsguod dat yn Leopoldstêd oankaam troch dragers nei de haven fan Matadi oan de Atlantyske kust brocht wurde. It foltôgjen fan in spoarline yn 1898 makke dêr in ein oan en soarge foar in gaadlike menear fan ferfier de rakken streamôf by del en stimulearre de ûntjouwing fan Kinsjasa. Yn 1920 waard Kinsjasa haadstêd fan Belgysk Kongo, en ferfong dêrmei it stedsje Boma, dat oan see lei.

Yn 1965 naam Mobutu Sese Seko mei syn twadde steatsgreep de macht yn Kongo. Hy sette útein mei in polityk fan "Afrikanisearring" mei it doel de nammen fan persoanen en plakken te ferfangen troch Afrikaanske nammen. Yn 1966 waard de namme Léopoldville wizige yn Kinshasa, nei in doarpke dat ea op dat plak lei. De stêd woeks hurd ûnder Mobutu en luts minsken út it hiele lân oan, dy't har lok sochten yn de stêd of dy't oan etnyske striderij ûntkaam wienen. Dit brocht grutte feroaringen yn de etnyske en linguïstyske gearstalling fan de befolking fan Kinsjasa. Hoewol't de stêd yn it gebiet fan de Bakongo leit, is de lingua franca net it Kikongo, mar it Lingala.

Kinsjasa hat slim te lijen hân fan Mobutu's eksessen en de Kongoleeske Boargeroarloch dy't ta syn delfal late. Dochs koe Kinshasa in grut kultureel en yntellektueel sintrum bliuwe mei in bloeiende mienskip fan musisy en artysten. De stêd is ek it grutte yndustriële sintrum fan it lân en ferwurket in soad natuerlike produkten dy't út it binnenlân oanfierd wurde. De stêd moast har yn 2003 warre tsjin opstannige soldaten, dy't protestearren tsjin it regear dat har soldij net betelje koe.

Bûlevaar fan de 30e juny, sintrum Kinsjasa.
De Lumumbabûlevaar yn Masina.

Berne yn Kinsjasa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]