Springe nei ynhâld

Kunobelin

Ut Wikipedy
Flouwer munten fan Kunobelin. Yllustraasje út Camdens's Britannica (1607)

Kunobelin of Kunobelinus (of: Cymbeline; Welsk: Kynvelyn; Latyn: Cunobelinus) wie in Britsk kening dy't sydlings neamd wurdt yn 'e wurken fan 'e Romeinske histoarisy Suëtoanius en Dio Kassius. Hy libbe fan 'e ein fan 'e earste iuw f.Kr. oant de jierren 40 fan 'e earste iuw (nei Kr.), en regearre de Keltyske Katuvellauni-stamme fan likernôch 18 f.Kr. oant 43 n.Kr. Neffens de leginde, sa't dy letter beskreaun waard troch Geoffrey fan Monmouth, soe Kunobelin kening fan hiel Brittanje west hawwe, wat net wier wêze kin.

Kunobelin wie de soan fan kening Tasciovanus, en soe troch William Shakespeare brûkt wurde foar syn toanielstik Cymbeline.

Geoffrey fan Monmouth

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geoffrey fan Monmouth skriuwt yn syn Historia Regum Britanniae dat Cymbeline in krêftich kriger wie, opbrocht oan it hof fan keizer Augustus, en dat syn lân Romeinske wapens ta foldwaan hie. Kunobelin goe it goed fine mei Rome, en de jierlikse betellingen waarden sekuer útfierd út respekt en net omdat sy ôftwong wienen.

Oare boarnen fernije, oars as Monmouth syn geskriften, dat ûnder it bewâld fan Kunobelin en syn soan Karatakus de Catuvellauni geregeldwei skeel hienen mei lokale stammen. Hy wie in sterke fijân fan Rome, en stipe de druïden fan Anglesey, dy't yn dy tiid krêftige Rome-opponint wienen. Teffens joech Kunobelin beskûl oan Gallyske krigers dy't flechte wienen. De legindaryske krêft fan Kunobelin die de Romeinske keizer Kaligula yn 40 om net oan in ynvaazje te begjinnen. . Itselde jier soarge Kunobelin foar it ôfsetten fan de pro-Romeinske kening fan de Atrebaten, Verika. Verika flechte nei Rome, dêr't er help socht by keizer Klaudius. Dat insidint wie in wichtige faktor yn Klaudius syn beslút om in ynvaazje yn Brittanje út te fieren yn 43, krekt nei Kunobelin syn dea.

It is net dúdlik wêrom't de boarnen ferskillende ferzjes jouwe fan Kunobulin syn libben.

De hearskippij fan Kunobelin duorre earne tusken de 10 en 32 jier. Der wurdt sein dat er de macht oerjoech oan syn soan Togodumnus, hoewol't er noch twa oare soannen hie: Karatakus en Arvirargus.

Kunobelin syn namme is bewarre bleaun yn in tal doarpen yn Buckinghamshire, û.o. the Kimbles.