Kristus-Ferlosserkatedraal (Banja Luka)

Ut Wikipedy
De Katedraal fan Kristus de Ferlosser, Banja Luka

De Kristus-Ferlosserkatedraal (Servysk: Саборни храм Христа Спаситеља) is in Servysk-otterdokse katedraal yn Banja Luka, de op ien nei grutste stêd yn Bosnje-Hertsegovina. De katedraal stiet yn it sintrum fan de stêd, net fier fan it riedshûs.

It bouwurk is in replika út de jierren 1993-2004, nei't yn de Twadde Wrâldkriich de orizjinele katedraal op it plak troch faksisten ferwoastge waard. De Kristus-Ferlosserkatedraal is de haadtsjerke fan de eparchy Banja Luka fan de Servysk-Otterdokse Tsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Banja Luka sit waard fan de aartsbiskop fan de Servysk-Otterdokse Tsjerke libbe ûnder de Servyske mienskip de winsk om de âlde ferfallen tsjerke út de 19e iuw te ferfangen troch in monumintale nijbou. Dizze tsjerke moast oan de Trije-ienheid wijd wurde. Troch it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich op de Balkan kaam in boubegjin net fan de grûn. De oarloch brocht benammen ûnder de Servyske befolking fan Banja Luka grut leed.

It duorre oant 13 juny 1921, doe't op in bûtengewoane gearkomste fan de Servyske-otterdokse tsjerkemienskip fan Banja Luka it foarnimmen op 'e nij oppakt waard. In pear jier letter, op 27 septimber 1925 waard úteinset mei de bou en op 5 oktober 1925 waarden de fûneminten troch metropolyt Vasilije (Popović) ynwijd. Under de bou waard fêststeld dat de finansjele middels net tarikkend wiene. Kening Aleksander droech by oan it tekoart, mar ek de Servyske mienskip yn de Feriene Steaten wie ree om it tekoart foar de monumintale tsjerke oan te foljen. Yn 1939 wie ek it ynterieur foltôge en op Himelfeartsdei waard de katedraal plechtich ynwijd. De katedraal wie it earste grutte bouprojekt fan de stêd nei de Earste Wrâldkriich.

Under Dútske bombardeminten op Banja Luka op 12 april 1941 yn de Twadde Wrâldkriich rekke benammen de apsis fan it alter swier skeind. Nei de Dútske oerwinning op it Keninkryk Joegoslaavje, waard fan Kroaasje, Bosnje en dielen fan Servje in fazalsteat fan it Tredde Ryk makke. Under it nije rezjym waarden Joaden, Sinti, Roma, kommunisten en benammen de Serven en harren otterdokse tsjerke ferfolge troch dit Kroatyske rezjym. Yn maaie 1941 ferklearre it Ustaša-regear de Servyske katedraal ta boufal en twong de Servyske en Joadske ynwenners fan Banja Luka om de katedraal stien foar stien ôf te brekken. Tagelyk mei de katedraal waard ek de Servysk-otterdokse Joaristsjerke yn it stedsdiel Petrićevac ferwoaste. Op befel fan it Ustaša-regear waard op 5 maaie 1941 de otterdokse biskop fan Banja Luka, Platon (Jovanović), finzennommen en nei it stedsdiel Vrbanja deportearre, dêr't er as martelder ferstoar.

Nei de Twadde Wrâldkriich waarden in soad histoaryke bouwurken fan de stêd wer opboud, mar foar de weropbou fan de katedraal kaam fan de kommunistyske oerheid gjin grien ljocht. Op it plak dêr't de katedraal ea stie waard in monumint oprjochte foar de fallen partisanen.

Begjin jierren 1990 krige de otterdokse mienskip tastimming om de katedraal te rekonstruearjen. It kriichsmonumint foar de partisanen krige in nij plak en wurdt noch jimmeroan troch de otterdokse tsjerke ûnderholden.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koepel ynterieur
Fresko's

It oarspronklike plan fan de katedraal stamt fan de arsjitekt Dušan Živanović (1853–1937) út Belgrado. De tsjerke is boud yn de foarm fan in Gryksk krús mei in sintrale koepel op de fiering en fjouwer lytsere koepels boppe de hoeken. Oan de súdeastlike kant stiet de toer, dy't mei in arkadengong ferbûn is oan de tsjerke. Sawol it eksterieur as it ynterieur is ryk mei dekoraasjes fersierd. De tsjerke hat in tradisjoneel eastlike oriïntaasje en fertsjintwurdiget de neobyzantynske boustyl, dy't benammen oan it ein fan de 19e iuw oant de jierren 1930 yn de Servyske arsjitektuer dominearre.

It boumaterjaal fan de katedraal bestiet út reade en giele travertyn út Mesopotaamje. Ek moarmeren eleminten hearre ta de dekoraasje fan de gevel. De tsien pylders yn de tsjerke binne fan granyt út Sardynje. De klokken binne krekt lyk as by de âlde katedraal yn it Eastenrykske Innsbruck getten en de swierste weecht 3.200 ton. De mei goud fergulde fiif koepels, dy't Kristus en de fjouwer evangelisten symbolisearje, binne konstruksjes fan heechweardich stiel út Sibearje.

De wurksumheden oan de katedraal waarden op 26 septimber 2004 mei in earste godlike liturgy ôfsletten. In grut tal aatsbiskoppen, biskoppen en prysters en tsjientûzenen leauwenen wennen de tsjinst by. Yn 2009 waard de katedraal op Himelfeartsdei nochris troch aartsbiskop Jefrem fan Banja Luka ynwijd.

Ofmjittings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lingte: 22,10 meter.
  • Breedte: 19,50 meter.
  • Hichte toer: 44 meter sûnder krús; 47 meter mei krús.
  • Sintrale koepel: hichte 22,7 meter, trochsnit 6 meter.
  • Kapasiteit: 800-1000 minsken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1].


Keppeling om utens