Krijn van den Helm

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Krijn van den Helm

Krijn van den Helm[1](Amersfoart, 1912 - dêre, 25 augustus 1944)[2] wie in kommys by de Belêstingtsjinst fan efterinoar Amersfoart, De Haach en Ljouwert en fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich.

Foar de oarloch wie Van den Helm antymilitarist. Yn de maaiedagen fan 1940 hat er fjochte oan de Grebbeliny. Hy rekke ûnder oaren belutsen by it wurk fan de L.O.. Van den Helm wie letter lieder fan de KP Fryslân oant july 1944. Hy waard nei syn arrestaasje opfolge troch Piet Oberman.

Van den Helm is op 25 augustus 1944 op syn ûnderdûkadres yn Amersfoart deasketten troch de Nederlânske SD-er Pieter Johan Faber, dy't ûnder oaren dêrfoar op 10 july 1948 de kûgel krige.

Yn Ljouwert hawwe in strjitte en in skoalle ta syn oantins syn namme krigen.

Keninginne Juliana ûntbleatet in plakette ta oantins fan Van den Helm. Ljouwert, 15 april 1970

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Namme neffens syn grêfstien
  2. Scherphuis, Ageeth - en Anita van Ommeren: De oorlog van Esmée van Eeghen, Sijthoff - Amsterdam, 1988 s. 19