Krasnojarsk

Ut Wikipedy
Krasnojarsk
Lokaasje fan de stêd yn de Kraj Krasnojarsk (reade kleur) yn Ruslân
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Kraj Krasnojarsk
Sifers
Ynwennertal 1.095.286 (2019)
Oerflak 353,9 km²
Befolkingstichtens 2.765 / km²
Stêdekloft
Hichte 287 m (sintrum)
Oar
Stifting 1628

Tiidsône= UTC + 7:00

Webside admkrsk.ru

Krasnojarsk (Russysk: Красноя́рск) is in stêd oan de rivier de Jenisej yn sintraal Ruslân. It is de bestjoerlike haadstêd fan de Krai Krasnojarsk en mei in ynwennertal fan 1.095.286 (2019) nei Novosibirsk en Omsk de op twa nei grutste stêd fan Sibearje. De stêd is in wichtich knooppunt foar it Trans-Sibearyske Spoar en ien fan de grutste aluminiumprodusinten fan Ruslân.

Krasnojarsk is ek ferneamd fanwegen it natuerlike lânskip; de skriuwer Anton Tsjechov neamde Krasnojarsk ien fan de moaiste plakken fan Sibearje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krasnojarsk foar 1733

Krasnojarsk waard yn 1628 as in ostrog (houten fêsting) troch kozakken troch Andrei Dûbenski stifte. Oarspronklik wie dat ûnder de namme "Krasni Jar" (ôflaat fan de turksktalige namme fan it plak: "reade helling"). De fêsting moast Jenisejsk foar oanfallen fan de Kirgizen beskermje. De nije delsetting stie oan de noardlike grins fan de Kirgizyske delsettings, op fjouwer dagen mei hynder en wein fan Jenisejsk. De Kirgizen foelen de nije fêsting oan, mar it slagge harren net de fêsting te oermasterjen. Tsjin 1690 hie Ruslân de macht yn Sibearje definityf fêstige en Krasnojarsk krige stedsrjochten. Nei de frede mei Mantsjoerije yn 1728 ferlear Krasnojarsk jimmeroan mear it strategyske belang as militêre foarpost. Nettsjinsteande de frede bleau de stêd ynearsten wat efter de groei. In brân yn 1773 ferneatige hast de hiele stêd en mar 30 hûzen waarden sparre. Tsjin it ein fan de 18e iuw hie de stêd noch mar 850 ynwenners, wêrfan 80 % soldaten.

Krasnojarsk yn de 19e iuw

Yn 1822 waard it gûvernemint Jenisejsk stifte en Krasnojarsk waard doe it bestjoerlike sintrum fan dat gûvernemint. It gebiet fan it gûvernemint kaam likernôch oerien mei de hjoeddeiske kraj. Der ûnstiene fasiliteiten dy't by in stêd hearden, de earste stiennen gebouwen waarden boud, de stêd krige in park en in printerij en fral de oansluting op it Transsibearyske Spoar yn 1895, dat Krasnojarsk mei it sintrum fan it Ryk ferbûn, brocht de stêd in sterke ekonomyske ympuls. In pear jier letter waard de spoarbrêge oer de Jenisej iepene en Krasnojarsk waard it grutste transportknooppunt fan Sibearje.

Sawol yn de tsaristyske as de bosljewistyske tiid wie Kraj Krasnojarsk in plak om politike fijannen hinne te ferbaljen. Ek de earste lieders fan de Sovjet-Uny tsjin it ein fan de 19e en begjin 20e iuw ferballe nei wat no de kraj is. Yn Stalin's tiid wie der in grut tal Gûlag-kampen yn de regio.

Foar de Twadde Wrâldkriich wie de stêd wat ynwennertal oanbelanget al foars grutter. Troch evakuaasje fan boargers út it westen fan de Sovjet-Uny en de politike ballings naam it ynwennertal fierder ta. Tusken 1938 en 1956 waarden nei Krasnojarsk en omkriten ûngefear in miljoen minsken deportearre foar twangarbeid. Yn 1941 waard de nei Krasnojarsk ferhûze lokomotyffabryk "Krasny Profintern" operatyf. Fanwegen de kriich ferhûze ek oare yndustry fierder it lân yn achter de Oeral nei Krasnojarsk. Yn de rin fan de kriich fersânfâldige it yndustriële potinsjeel fan de stêd en dêrmei helle Krasnojarsk Irkûtsk yn. Krasnojarsk wie it yndustriële sintrum fan East-Sibearje woarn.

Yn septimber 1961 waard úteinset mei it oanlizzen fan in wetterkrêfsintrale en in nije, 2.100 meter lange, brêge oer de rivier waard iepene. De foltôging fan in 5.000 meter lange en 41 meter brede Oktoberbrêge oer de rivier folge yn 1987. Fanôf de jierren 1990 waard begûn mei de oalis fan de Metro Krasnojarsk.

Untwikkeling befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untwikkeling ynwennertal (yn tûzentallen)
Jier 1897 1923 1926 1939 1956 1959 1962 1967 1970 1973 1976
Ynwenners 26.6 60.4 72.2 190 328 412 465 576 648 707 758
Jier 1979 1982 1986 1989 1992 1996 1998 2000 2001 2010 2019
Ynwenners 796.3 833 885 912.6 925 871.1 875.3 875.5 875.9 973.8 1.095

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Paraskeva Pjatnitsa-kapel stiet op de heuvel Karaulnaja (letterlik wachtheuvel) boppe de stêd. Oarspronklik wie de lokaasje in plak foar de heidenske kultus, letter stie dêr in wachttoer fan de fêsting fan Krasnojarsk. De kapel waard yn 1804 boud en yn de jierren 1852-1855 troch de arsjitekten J. Alfejev en J. Nabalov op 'e nij boud. Yn de Sovjet-tiid rekke de kapel bûten gebrûk en yn ferfal. Mei de Perestrojka waard de kapel wer renovearre.

Yn de buert fan de Kommûnalni-brêge leit it histoaryske en etnografyske museum. De kolleksje mei û.o. in grutte samling fan âlde ôfbylden fan Sibearje wurdt yn in gebou yn Egyptyske styl bewarre. Oan de kaai yn it sintrum fan de stêd leit it museumskip Sint-Nikolaas. Op 1 july 1891 arrivearre tsarevitsj Nikolaas Aleksandrovitsj (de lettere tsaar Nikolaas II mei it fracht- en passazjiersskip yn Krasnojarsk. Mei it skip waard op 30 april 1897 ek Vladimir Lenin ferfierd nei it plak dêr't er hinne ferballe waard. It Lângoedmuseum fan Vasili Soerikov besit mear as 90 wurken fan de ferneamde yn Krasnojarsk berne keunstskilder Vasili Soerikov.

In tige opfallend gebou fan Krasnojarsk is nea foltôge. De bou fan de 28 ferdjippings hege kantoartoer wie koart foar de Perestrojka mei útein set, mar einige mei it ûnstjoer fan de politike feroarings yn dy tiid.

Tichteby Krasnojarsk leit it ferneamde natoergebiet Stolbi (Russysk: Столбы, "pylders"). De namme komt fan de oant 100 meter hege rotsen.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Vasili Soerikov (1848-1916), keunstskilder
  • Vladimir Rebikov (1866-1920), komponist en pianist
  • Bob Martin (1922-1998), Eastenryksk sjonger
  • Oleg Romantsev (1954-), fuotbaltrainer
  • Andreï Makine (1957-), Frânske skriuwer
  • Dmitri Chvorostovski (1962-2017), operasjonger
  • Svetlana Fedotkina (1967-), langebaanrider
  • Aleksej Prosjin (1974-), langebaanrider
  • Jûlia Petsjonkina (1978-), sportfrou
  • Jelena Chrûstaleva (1980-), Kazachske biatleet
  • Helene Fischer (1984-); Dútske sjongeres
  • Dmitri Rigin (1985-), skermer
  • Aleksandr Tretjakov (1985-), skeletonracer
  • Jevgeni Ustjûgov (1985-), biatleet
  • Andrej Melnitsjenko (1992-), langlaufer
  • Nikita Tregoebov (1995-), skeletonracer
  • Anton Mitrjoeskin (1996-), fuotballer
  • Dmitri Loginov (2000-), snowboarder
  • Sofia Samodoerova (2002-), keunstrider

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:de:Krasnojarsk