Kortikosteroïde

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Gemyske struktuer van kortikosteron

Kortikosteroïden binne in gemyske fariant fan it lichemseigen bynierskorshormoan. Dy groep fan stoffen ûnderdrukt ferskate reaksjes fan it lichem by ûntstekkingen, al as net by ynfeksjes. Teffens hawwe hege doseringen (in meast stimulearjende) ynfloed op de psyche.

De bynierskorshormonen wurde makke troch de skors fan de bynieren. Dy hormonen kinne twa soarten by ûnderskieden wurde:

Glukokortikoïden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In foarbyld is it hormoan kortisol.
Glukokortikoïden wurde ûnder ynfloed fan it ACTH (AdrenoKortikoTroop Hormoan) makke, in hormoan dat ôfjûn wurdt troch it foarste part fan de hypofyse, de adenohypofyse. Sy befoarderje it omsetten fan aaiwiten en fetten yn glukoaze (glukoneogenese). Dêrtroch giet it bloedsûkerhalte omheech. Glukokortikoïden binne wichtich foar it regeljen fan de aktiviteit fan it ymmúnsysteem, komme mear frij by stress en ûnderdrukke ûntstekkingsreaksjes.

As medisyn wurde yn it plak fan it natuerlike kortisol fral syntetyske derivaten foarskreaun. De neifolgjende middelen binne registrearre foar it gebrûk as genêsmiddel: Kortison, Hydrokortison, Prednisolon, Prednison, Metylprednisolon, Triamsinolon, Betametason, Deksametason. De earste 2 hawwe ek in frij sterke mineralokortikoïde wurking, prednisolon al minder, de lêste 3 hast net. Foar lokale tapassingen (eachdrippen, eardrippen, noasspray, ynhalaasje (by astma en COPD), hûd) binne der noch mear middelen beskikber.

Kortikosteroïden kinne op ferskate wizen tatsjinne wurde[1]:

  • Oraal: opnimme troch de mûle (systemysk opnimmen)
  • Dermaal: fia de hûd (fral by hûdoandwanings)
  • Ynhalatoir: in aerosol of poeier wurdt ynademe
  • Yntraveneus: fia in ynfús (meastal by in hegere dosis en/of stjitkuer)
  • As eachdrippen
  • Per ynjeksje

De wichtichste bywurkingen fan kortikoïden op de lange doer binne:

Om dy lêste reden mei it brûken fan orale kortikoïden net yn ien kear stoppe wurde, mar ôboud wurde neffens in ôfbouskema. (sjoch Addisonkrisis)

Mineralokortikoïden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In foarbyld is aldosteron wat makke wurdt yn it byniermoarch. Mineralokortikoïden regelje mei de bloeddruk en de wetter- en sâlthûshâlding. Sy befoarderje de weromresorpsje fan natrium en wetter yn de nieren. Teffens befoarderje sy de útskieding fan kalium troch de nieren. Registrearre as genêsmiddel is it Fludrokortison, wat in folle langere healweardetiid hat as aldosteron.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Farmacotherapeutisch Kompas