Natrium is in gemysk elemint mei symboal Na en atoomnûmer 11. It is in sulverkleurich alkalimetaal. Yn it Ingelsk en Romaanske talen wurdt it elemint sodium/sodio neamd.
Natrium is al lang bekend as part fan ferskate ferbinings. Yn de Midsiuwen waarden natriumhâldende ferbinings brûkt as guod tsjin pine yn de holle. It slagge Humphry Davy yn 1807 om troch elektrolyze natrium te isolearjen út natriumokside. De namme natrium komt fan it Egyptyske natron (netjerj), dat "natuerlik sâlt" betsjut.