Kollegiale tsjerke (Neuchâtel)

Ut Wikipedy
Kollegiale tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Neuchâtel
plak Neuchâtel
adres Rue de la Collégiale 5
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Fanôf 1190
boustyl Gotyk
offisjele webside
Side tsjerklike gemeente

De Kollegiale tsjerke (Frânsk:Collégiale de Neuchâtel) is in protestantske tsjerke yn de Switserske stêd Neuchâtel. De tsjerke is boud as in trijeskepige basilika mei twillingstuorren en wie foar de reformaasje in stiftstsjerke dy't oan Us-Leaffrou (Notre Dame) wijd wie. It dak is mei patroanen fan kleurrike tegels belein. De tsjerke stiet njonken it Slot Neuenburg.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Mei de bou fan de tsjerke waard yn 1190 útein set. Ynearsten wie dat noch yn romaanske styl, wylst de hegere dielen en de krúsgong al oergyngen yn de gotyk. De tuorren waarden letter tafoege: de súdlike toer yn de twadde helte fan de 13e iuw en de noardlike toer folle letter by in restauraasje tusken 1867 en 1870.

Typyske goatyske boueleminten lykas krabben, fialen en wimpergen binne by de bou net of mar in hiel lyts bytsje tapast.

Sûnt de bou yn de midsiuwen ûndergyng de tsjerke ferskate restauraasjes. De lêste grutte restauraasje fûn plak yn de twadde helte fan de 19e iuw ûnder lieding fan de tsjerkarsjitekt Ferdinand Stadler. Dêrnei hawwe der gjin grutte feroarings mear west.

Op it tsjerkhôf stiet in stânbyld fan de reformator Guillaume Farel, dy't de stêd wist oer te heljen foar de ynfiering fan de grifformearde lear yn Neuchâtel. Mei de reformaasje rekke de tsjerke in grut part fan it katolike ynterieur kwyt. Yn in lêste anty-katolike opwâling yn de 17e iuw liet de stedsried fan Neuchatêl ek nochris de fresko's oerkalkje en de âlde portaalbylden ferwiderje.

Detail senotaaf

Yn de tsjerke stiet in byldenryk 14e-iuwsk senotaaf ta eare fan hertoch Loadewyk fan Neuchâtel.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke binne twa oargels.

Walcker-oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âldste oargel is in ynstrumint fan de oargelbouwer Eberhard Friedrich Walcker út 1870. It sleeplaad-ynstrumint wurdt op it stuit net brûkt en hat 45 registers op trij manualen en pedaal.

St.-Martin-oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadoargel waard neffens in ûntwerp fan Guy Bovet yn 1996 troch Manufacture d’orgues St.-Martin boud. It hat 41 registers op fjouwer manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk. It oargel hat in hichte fan 11 meter en in gewicht fan likernôch 11 ton en is troch loftkessens mobyl makke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kollegiatkirche Neuenburg