Springe nei ynhâld

Koepeltsjerke (Berltsum)

Ut Wikipedy
Koepeltsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Berltsum
adres Tsjerkestrjitte 2
koördinaten 53° 14' N 5° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Willem Douwes
boujier 1779
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 28576 [1]
Webside
Side PKN-gemeente, Berltsum
Kaart
Koepeltsjerke (Fryslân)
Koepeltsjerke

De Koepeltsjerke is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de protestanske gemeente yn Berlikum.

De koepeltsjerke waard yn 1777 oant 1779 op it plak fan in let-midsiuwske krústsjerke út de 14e iuw boud. De âlde tsjerke mei in swiere sealtektoer lykas dy fan Wânswert wie troch fersakking te boufallich woarn om noch te renovearjen te kinnen.[2] Arsjitekt fan de achtsidige koepeltsjerke wie de Harnzer boumaster Willem Douwes, dy't him foar it ûntwerp ynspirearje litten hie troch in yn 1682 publisearre boek oer boukunde fan de Amsterdammer Simon Bosboom. Fan de âlde tsjerke bleaune de fûneminten, de grêfkelders, in gevelstien en de lytse klok út 1593 bewarre.

De noch net alhiel foltôge Koepeltsjerke waard op 22 augustus 1779 yn gebrûk nommen en in jier letter levere Johannes Mittenreyter it oargel op.

Yn de koepel fan de tsjerke is in koloanje marflearmûzen oanwêzich.

Stien mei it Laam Gods

In grut part fan de ynrjochting datearret fan de tiid doe't de Koepeltsjerke boud is. Dat jildt foar de preekstoel mei klankboerd en doophek, twa hearebanken en it siichportaal. De preekstoel yn katederfoarmige kúp is útfierd yn Louis XVI-styl, mar de fersiertrant út de tiid dêrfoar tsjutte de fjouwer seizoenen oan mei ûnder oare lânbougewaaksen en fruit. De wize fan útbyldzjen fan de groei fan in appel sil grif te krijen hawwe mei de soad hofkers (fruittelers), dy 't hjir yn de 18e en 19e iuw in bestean fûnen. Yn it Gardeniersmuseum yn it doarp wurdt hjiroer mear ynformaasje jûn.

Oarspronklik stiene de hearebanken yn de súdwestlike hoeke fan de tsjerke, tsjintwurdich oan de noardlike kant. By it oargel hinget in betinkingsboerd mei ôfbylden fan de âlde en nije tsjerke en wichtige data fan de âlde tsjerke. In tal gevelstiennen binne nei de restauraasje yn de jierren 1970 byinoar brocht en by de yngong fan de tsjerke yn de muorre mitsele. Dêrûnder is ek in stien mei it Laam Gods te sjen.[3]

Nei de ôfbraak fan de sealtektoer koe allinnich de lytse klok wer yn de klokkestoel fan de nije tsjerke hongen wurde. Jitter wie Wilhelm Wegenwart en de klok hat as râneskrift: Mensche als gi hoert des klockx geslach, Denckt op stervensdach. Wilhem Wege – wart goet mi int iaer 1593.De 1,9 ton swiere klok út 1663, dy't yn Ljouwert troch Jurjen Balthasar getten wie, passe der net mear yn en waard yn 1798 foar 1200 gûne nei Mannheim ferkocht, dêr't de klok noch jimmeroan yn de Konkordienkirche hinget. Dêr stiet op te lêzen: De wonder groote naeme mijn is de musyck der engelyn en de als my reakt de bengel myn soo geve ick myn geluijt daeryn. [4].

It oargel is yn 1780 boud troch de Eastenriker Johannes Mittenreither. Willem Hardorff wreide it ynstrumint yn 1854 út mei in boppewurk. Yn 1894, 1929 en 1949 fierden ferskillende oargelbedriuwen mear feroarings út. Oargelmakkerij Reil út Heerde brocht it oargel yn 1980 werom yn de âlde steat, fral ek om't fan Mittenreither net in soad orizjineel wurk oerbleaun is. Ek it front is wer yn âlde kleuren werom brocht. It ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal besit fjirtjin registers en waard foar it lêst yn 2015-2016 troch Reil restaurearre.[5]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: