Kleis Lanting
Kleis Lanting, (Harns, 17 novimber 1783 - Amsterdam, 15 juny 1827 ) wie in sulversmid en medaljeur. Hy wie troud mei Johanna Andringa.
Fan jongs ôf oan lei er him ta op it goud- en sulversmeien en fêstige him yn it begjin fan de 19e iuw yn Amsterdam. Dêr begûn er om 1816 hinne mei it driuwen yn sulver. Ien fan syn earste grutte wurken wie in sulveren-ien, nei it skilderij fan M.I. van Bree, dreaune foarstelling fan it kwetsen fan de Prins fan Oranje, by Quatre-Bras. Fierders dreau hy, benammen op bestelling fan Nederlânske pinningsamlers, ovale portretpinningen fan Herman Boerhaave, Jero. de Bosch, Jacob Cats, Jan Evertsen (yn it Ken. Pinningkabinet yn De Haach), Pieter Cornelis. Hooft, P.P. Rubens, A. van Dijk, Simon Stevin, de bruorren de Witt (yn it Ken. Pinningkabinet). Hy liet by syn ferstjerren syn húshâlding yn earmoedige omstannichheden efter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|