Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken (Irkûtsk)
Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken
Знаменский монастырь | ||
Katedraal fan it Teken | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Irkûtsk | |
plak | Irkûtsk | |
koördinaten | 52° 18' N 104° 17' E | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 1779-1790 | |
boustyl | Barok | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 3810002000 | |
Kaart | ||
It Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken, ek wol it Znamenski-kleaster (Russysk: Знаменский монастырь) is in otterdoks nonnekleaster yn Irkûtsk, Ruslân.
Op it tsjerkhôf fan it kleaster lizze û.o. de grêven fan de Russyske ûntdekkingsreizger Grigori Sjelichov († 1795) en Jekaterina Trûbezkaja († 1854), de frou fan de desimbrist Sergej Petrowitsj Trûbezkoj en de skriuwer Valentin Raspûtin († 2015).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 1689 stifte oan de rjochter kant fan de Angara-rivier, op it plak dêr't de Ûsjakovka-rivier op de Angara útmûnet. De earste gebouwen wiene fan hout, mar de kleastertsjerke waard al yn 1727 omskreaun as ferfallen en ferfongen troch in nije houten tsjerke. Al in pear dessinia letter waard der besletten ta de bou fan in stiennen kleaster.
It wurk oan de kleastergebouwen duorre noch oant it begjin fan de 19e iuw en in nije katedraal, de tsjerke fan de hillige Demetrius en Tryfon, twa wenkompleksen, in hûs foar de oerste, bygebouwen en in muorre mei in poarte waarden yn barokke styl boud. Oarspronklik hie de katedraal, boud tusken 1757 en 1762, in inkeld skip, mar yn 1787 en 1794 fûn der in útwreiding mei twa sydskippen plak mei alters foar Us Leaffrou fan Kazan en de Transfiguraasje.
Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 1926 troch de Sovjet-autoriteiten sletten, mar de katedraal bleau ynearsten as parochytsjerke iepen. Yn 1929 waard de tsjerke sels noch efkes de katedraal fan it bisdom Irkûtsk, nei't earder al de Epifanykatedraal sletten wie en de Kazankatedraal op de nominaasje stie sloopt te wurden. Nei sân jier waard ek de Katedraal fan de Mem fan God fan it Teken sletten foar de earestjinst en omboud ta in garaazje en wurkpleats foar de reparaasje fan wetterfleantugen.
It risseltaat fan de earste twintich jier fan it Sovjet-rezjym wie de ferwoastging fan de meast wichtige tsjerken en kleasters, it ûntnaderjen en it ferdwinen fan de reliken lykas dy fan de hillige Innocentius fan Irkûtsk, de apostel fan Sybearje, en it fermoadzjen fan de measte preesters yn de jierren 1937-1939. Yn 1939 wie it bisdom Irkûtsk de facto opholden te bestean.
Yn 1945 waard in folslein ferinnewearre tsjerke werom jûn oan it bisdom en fan 1948 ôf wie de tsjerke op 'e nij de katedraal fan it bisdom.
De reliken fan de hillige Innocentius dy't de bolswiken yn 1921 út it kleaster helle hiene om se yn ferskillende musea as "Sibearyske Mummy" ten toan te stellen, waarden yn 1990 wer op 'e nij ûntdutsen en op 7 septimber fan dat jier oan de Russysk-otterdokske Tsjerke werom jûn.
Sûnt 1994 is ek it kleaster wer operatyf.[1]
Monumint Aleksandr Koltsjak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar it kleaster stiet sûnt 2 novimber 2004 in monumint fan admiraal Aleksander Koltsjak. De wite admiraal waard hjir yn de nacht fan seis op sân febrewaris 1920 tegearre mei de foarsitter fan de Ried fan Ministers fan it saneamde Omsk-regear, Viktor Pepeljajev, troch de bolsjewiken deasketten en ûnder it iis fan de beferzen Angara smiten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Знаменский монастырь (Иркутск)
|