Kilesturtpappegaaido
kilesturtpappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron sphenurus | ||||||||||||
Vigors, 1832 | ||||||||||||
IUCN-status: net-bedrige | ||||||||||||
De kilesturtpappegaaido (Treron sphenurus) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kilesturtpappegaaido is in 30 oant 35 sm lang griene do mei in karakteristike lange en kilefoarmige sturt. Yn ferlikening mei oare pappegaaidowen yn 'e regio hat er nochal ûndúdlike giele rannen op 'e wjukdekfearren en tertials. De sturt en de bopperomp binne donkergrien. It mantsje hat in readbrune flek oan 'e boppekant, mar minder grut as by de pappegaaidowen fan 'e pompadour-soartegroep. Ek hat er wat oranje op 'e krún en it boarst. It wyfke hat in effen griene kop.
Fûgels yn Fjetnam en it skiereilân Malakka binne wat lytser en donkerder. By de mantsjes ha se gjin of minder oranje op it boarst en is de readbrune flek oan 'e boppekant beheind ta de skouders.
De fûgel is it meast besibbe oan 'e wytbúkpappegaaido (T. sieboldii) en de Formosapappegaaido (T. formosae).
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kilesturtpappegaaidowen libje yn 'e grienbliuwende leafbosken en boskrânen, mei fral de iik, de yp, de laurier en de rododendron. Yn Súdeast-Aazje wurdt er op in hichte tusken 770 en 2.565 meter sjoen.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst wurdt yn in beam boud op sa'n seis oant tolve meter boppe de grûn. It lechsel bestiet út twa aaien. De fûgel is foar it measte in stânfûgel. Winterdeis wolle de fûgels yn it noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet noch wol trekke. Hy yt ferskillende soarten fruit en beien, wêrûnder figen en moerbieien.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kilesturtpappegaaido is yn trije ûndersoarten te ferdielen:
- Treron sphenurus sphenurus – komt foar yn berchstreken fan Kasjmir oant súdwest Sina, Myanmar, noardlik Tailân en Laos.
- Treron sphenurus robinsoni – komt foar yn 'e berchstreken fan it skiereilân Malakka en sintraal Fjetnam.
- Treron sphenurus korthalsi – komt foar yn ît heechberchtme fan Sumatra, Java, Baly en Lombok.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje. Oannommen wurdt dat de fûgel gjin lêst hat fan in substansjele bedriging en wurdt dêrom troch de IUCN as net-bedrige kategorisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Pappegaaido
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Tailân