Springe nei ynhâld

Kijfhoek

Ut Wikipedy
Kijfhoek
Tsjerke fan Kijfhoek
Tsjerke fan Kijfhoek
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Zwijndrecht
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 49' 32" NB, 4° 35' 32" EL
Kaart
Kijfhoek (Súd-Hollân)
Kijfhoek

Kijfhoek is in buorskip en eardere gemeente yn de gemeente Zwijndrecht tichtby it ranzjearterrein Kijfhoek, ûngefear tusken Heerjansdam en Zwijndrecht yn.

Yn in donk (hichte) yn it streamgebiet fan it rivierke de Devel binne potten fûn mei itensresten dy't troch de koalstof-14-datearring datearre wurde koenen yn de Flaardingenkultuer (3500–2500 f.Kr.). Fûne koalstofresten kinne wize op bewenning yn it mesolitikum (5500-4100 f.Kr.). Dat fynplak sil ta archeologysk monumint ferklearre wurde omdat donken mei neolityske en mesolityske bewenning ek ynternasjonaal tige seldsum binne.

Yn 1322 wie der in wettersneed (de Stoarmfloed fan 1322) wêrby't grutte stikken fan de Zwijndrechtske Waard ûnder wetter kamen te stean en in soad libbens ferlern gienen. Dit wie foar greve Willem III fan Hollân oanlieding om bedikingsplannen te ûntwikkeljen. Yn in oarkunde fan 14 jannewaris 1331 bepaalde hy dat ‘dejingen dy't dielen fan de Zwijndrechtske Waard bediken, ambachtshear waarden fan dat diel fan de Waard’. Troch dy oarkunde ûntstienen de ambachtshearlikheden, wêrfan de measte neamd waarden nei harren bedikers: Schobbelands Ambacht, Hear Oudelands Ambacht, Groote en Kleine Lindt, Heerjansdam, Kijfhoek , Meerdervoort, Sandelingen Ambacht en Alewijns Ambacht.

Yn 1332 waard it kastiel Develsteijn op Lievershille boud. Dat kastiel hat bestien oant 1824. Yn 2005 binne der in pear proefslûven groeven op it plak dêr't it kastiel stien hat. It idee om it kasteel te herbouwen krige sadwaande in nije oanset.

Mei de bedikingwurken waard de Devel by Groote Lindt en by Kleine Lindt ôfdamme. Yn de perioade nei it bedikingswurk (nei 1337), waard nei alle gedachten Kijfhoek fêstige. Yn 1368 waard yn elts gefal it monumintale tsjerkje fan Kijfhoek boud dat noch altiten op in terp oan de râne fan de Devel stiet. Dizze Kijfhoektsjerke fertoant boukundich sjoen kenmerken fan de goatyske én fan de romaanske boustyl. Nei alle gedachten kaam in soad tsjerkefolk eartiids mei in skûte.

It doarpke is troch de tiden hinne altiten lyts bleaun. Sa telde it yn 1515 seis huzen en in kleaster. It wie dit kleaster dat it doarp betsjutting joech. It kleaster Eemsteijn, lizzend by de Munnikensteeg waard ynwijd yn 1435 en wie hast oardel iuw in soarte streeksintrum; it waard ferwoaste yn 1572 troch in Geuzefindel. Fan it kleaster is neat bewarre bleaun.

Kijfhoek gie mei yngong fan 19 augustus 1857 op yn de gemeente Groote Lindt dy't yn 1881 opgie yn de gemeente Zwijndrecht.

Yn 1926 waard de Devel by Kijfhoek drûchlein. Troch in wiziging yn it systeem fan bemealing fan de polders ferlear de Devel har funksje op dit gebiet.

It tsjerke waard restaurearre yn 1927 mar troch jildgebrek waarden diels masinale stiennen brûkt; grouwe planken ferfongen it dakbeskot. Fan 1992 ôf is it tsjerkje fannijs en deskundich restaurearre.

Flak by it doarpke Kijfhoek leit it ranzjearplak Kijfhoek. Mei in oerflak fan fyftich hektare is dit it grutste ranzjearplak fan Nederlân.

Troch de eftertún fan Kijfhoek rint tsjintwurdich de HSL-Súd. Nei Rotterdam Sintraal ride de hegesnelheidstreinen oer besteand spoar troch de Willemsspoartunnel oant it begjin fan ranzjearterrein Kijfhoek dêr't de HSL súdlik ôfbûcht. Fan dêrôf is it HSL trajekt in 8,9 kilometer trasee op meanfjildnivo lâns it doarpke Kijfhoek en giet leech oer it rivierke de Devel foardat it mei in ôfsonken spoartunnel ûnder de Alde Maas troch giet.

Natoergebiet de Devel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de rin fan 2005 is de Devel fierder ûntgroeven om natoergebiet te wurden.

Natoergebiet 'De Devel' by Kijfhoek

Neidat yn 1505 in diel fan It Bilt yndike waard, waarden trije doarpen boud. Ien fan de trije waard Kijfhoek neamd; grif omdat de arbeiders dy't by de dykoanlis belutsen wiene foar in part út de omkriten fan Kijfhoek kamen. Letter krige dit Fryske doarp de namme fan de dêryn fêstige parochy: Froubuorren.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]