Kersebiter
| kersebiter | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje yn Drinte Wyfke yn Drinte | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Coccothraustes coccothraustes | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De kersebiter of apelfretter (Coccothraustes coccothraustes) is in fûgelsoarte (taksonomy) út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae)
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme kersebiter hat de soarte om't de fûgels sa'n sterke snaffel hawwe dat hja in kersepit stikken bite kinne. De kersebiter hjit yn it Frysk ek wol appelfretter of apelfretter.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kersebiter is in foarse finkfûgel mei in dikke kop, in dikke hals en in koarte sturt. It fearrekleed is foar it grutste part readbrún en bêzjebrún mei swarte, wite en grize kleuren. De wjukken binne glânzgjend blauswart, wêrfan't de binnenste slachpinnen mei heakfoarmige blauwe úteinen binne. Yn 'e flecht is in wite streek op 'e hânpinnen te sjen en de sturt hat in brede wite einbân. De snaffel fan it mantsje ferkleuret yn 'e maitiid nei griisswart mei in blaugrize basis. Winterdeis is de snaffel ivoarkleurich of ljocht gielbrún.
It mantsje hat waarmere en rikere kleuren. De kop en de nekke binne faak djipper kastanjebrún en it swarte kielplak is grutter en skerper ôftekene. Dêrnjonken is de blauwe kleur op 'e wjukken opfallender en yntinser. Oer it generaal is it mantsje kontrastriker.
De juvenyl hat in bleekbêzje kop, gjin of hast gjin swart kielplak en in griisgiel boarst mei op 'e búk grutte donkere plakken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e kersebiter bestiet út in grut part fan Jeropa en Aazje. Yn it grutste part fan it Jeropeeske ferspriedingsgebiet is de kersebiter in stânfûgel. Hy libbet it leafst yn âlde leafbosken mei in soad ike-, bûke- en iperenbeammen, dêr't de fûgel it grutste part fan 'e dei yn 'e boppeste beamlagen libbet.
Der wurde seis ûndersoarten ûnderskieden:
- C. c. coccothraustes: fan Jeropa oant Sintraal-Sibearje en noardlik Mongoalje.
- C. c. buvryi Cabanis , 1862: Noardwest-Afrika
- C. c. nigricans Buturlin , 1908: de súdlike Oekraïne, de Kaukasus, noardeastlik Turkije en noardlik Iran
- C. c. humii Sharpe , 1886: súdlik Kazachstan, eastlik Oezbekistan en noardeastlik Afganistan.
- C. c. Schulpini Johansen, 1944: súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina en Koreä.
- C. c. japonicus Temminck & Schlegel, 1848: Kamtsjatka, Sachalin, de Koerilen en Japan.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân falt it ferspriedingsgebiet fan 'e kersebiter gear mei dat fan grutte bosken. Bolwurken yn Nederlân binne Twinte, de Achterhoek en dielen fan 'e Feluwe en Limburch. Tusken 1975 en 1995 namen de oantallen yn Nederlân ta. Dêrnei bleau de Nederlânske populaasje stabyl, mar nei 2007 namen de oantallen op in soad plakken fannijs ta. Yn Fryslân komt de kersebiter foaral yn it súdeasten fan 'e provinsje foar.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel bringt graach in besite oan fruitbeammen en dan benammen kersebeammen. Mei syn krêftige snaffel kreaket er de kersepitten. Dêrnjonken yt de soarte ek ynsekten.
Kersebiters binne tige skou en wach en dreech te observearjen. Se libje in soad yn 'e beamkroan en meitsje in rappe flecht fan 'e ien groep beammen nei de oare. Se binne binne winterdeis ek yn groepen op 'e boaiem te sjen as se nei sied sykje.
De fûgel nêsket heech yn 'e beammen, ticht tsjin de stamme oan en soms yn strewellen. De briedperioade rint fan april oant en mei juny. In lechsel bestiet meastal út fjouwer of fiif aaien, mar dit oantal kin fariearje fan twa oant sân. De kleur kin sterk ferskille. It aai kin in brúnich-giele, griis-griene of ljochtblauwe basiskleur hawwe en hat pears-brúne en ljochtgrize unregelmjittige plakken. Ek de grutte fan it aai kin ferskille. De aaien wurde alve oant trettjin dagen troch it wyfke bebret. De jonge fûgels wurde mei sied en rûpen fuorre. Yn it earstoan bringt it mantsje it iten nei it wyfke op it nêst, dat har jongen fuorret. Letter, as de jongen grutter binne, wurde se troch beide âlden fuorre. Nei tolve oant fjirtjin dagen fleane de jongen út en dan bliuwe se noch teminsten twa wiken yn 'e buert fan it nêst.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kersebiter hat in grut ferspriedingsgebiet, de wrâldpopulaasje is grut en der wurdt tocht dat de oantallen tanimme. Dêrfandinne hat de soarte de status net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- waarneming.nl — resinte waarnimmings yn Nederlân
- SoortenBank.nl — beskriuwing, ôfbylden en lûd
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Kersebiter
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje

