Springe nei ynhâld

Marokko

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keninkryk Marokko)
' المملكة المغربية'
Al-Mamlaka al-Maghribiya
Flagge fan Marokko Wapen fan Marokko
Flagge Wapen
Lokaasje fan Marokko
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Rabat
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
710.450 km²
2,8­%
Ynwenners (2007) 33,8 miljoen
Munt Marokkaanske dirham (MAD)
Tiidsône UTC 0
Nasjonale feestdei 30 july
Lânkoade MAR
Ynternet .ma
Tillefoan 212

Marokko (Arabysk: المغرب‎, al-Maḡrib; Marokkaansk-Arabysk: المغرب, el-Maḡrib; Berbersk: ⵍⵎⴰⵖⵔⵉⴱ, lmaɣrib; Frânsk: Maroc), sûnt 1957 it Keninkryk Marokko (Arabysk: المملكة المغربية‎, al-Mamlaka l-Maḡribiyya) en foartiid it Sultanaat Marokko, is in lân yn Noard-Afrika. De haadstêd is Rabat, en de grutste stêd is Kasablanka.

Marokko is it ienichste lân dat net fertsjintwurdige is yn 'e Afrikaanske Uny. It is in stiper fan de Arabyske Liga, Arabyske Maghreb Uny, Konferinsje fan Islamityske steaten, en is as net-NAFO lid in wichtige partner fan de Feriene Steaten.

Geografy

Ligging

Marokko leit yn noard Afrika.

Lânskip

  • Oerflak: 446.550 km² wêrfan 250 km² wetter
  • Lânsgrinzen: 2.017 km wêrfan 1559 km mei Algerije, mei Mauritaanje, 6,3 km mei Spanje (Ceuta), en 9,6 km mei Spanje (Melilla)
  • Kustline: 1.835 km
  • Hichteferskil: Leechste: Sebkha Tah -55 m, Heechste: Jebel Toubkal 4,165 m
  • Natoerlike boarnen: fosfaat, koal, izererts, zink, fisk, sâlt, fruchten & griente

Skiednis

De skiednis fan Marokko begjint as de earste minske har dêr festige om-ende-by 8.000 f.Kr. Op dat stuit hearsket yn dy omkriten in oar klimaat as tsjintwurdich. De earste Berberfolken arrivearren yn 2.000 f.Kr. fan 't suden út en sûnt de 8e iuw f.Kr. stiften Foenysyske hannelers delsettingen oan de kust. De Foenysjers wreidzje stadichoan harren ynfloed út nei de binnenlannen fan Marokko. Ien fan dy koloanjes wie Kartago, yn it Tuneezje fan no, dy’t him ûntwikkele ta in ekonomyske macht yn it westlik part fan it Midlânske See gebiet. De Berberkeninkriken yn it Atlasberchtme wienen yn mear of mindere mate ûnderhearrich oan harren. Nei de fal fan Kartago waard dizze posysje oernommen troch de Romeinen.

Yn 429 kaam oan de macht fan de Romeinen ynienen in ein mei de komst fan de Fandalen. Sy stiften in Fandaalsk keninkryk mei as haadstêd Kartago dat mear as hûndert jier yn stân bliuwe soe, mar troch de opfolgers fan de Romeinen, de Byzantinen ferneatige waard. Yn 682 oermasteren de Arabieren it lân en waard de islam yntrodusearre. Sawol Arabyske as Berberdynastyen regearden oer Marokko. Ferneamde dynastyen wienen de Almoraviden, de Almohaden en de Meriniden. Under de Almoraviden soe 'de Maghreb' foar it earst feriene wurde.

Yn 1415 waard de stêd Ceuta troch de Portegezen oermastere. Letter soenen noch mear Marokkaanske stêden yn Portegeesk en Spaansk besit komme, mar om 1700 hinne hienen de Marokannen alle stêden sels wer yn hannen. Begjin 20e iuw waard Marokko troch Frankryk en Spanje oermastere dy’t Marokko yn 1912 ferparten yn in (grut) Frânsk protektoraat en in (lyts) Spaansk protektoraat. Dat gong net op stel en sprong, want nei de tiid ûntstean faak opstannen.

Op 2 maart 1956 waard Marokko ûnôfhinklik fan Frankryk en even letter ek fan Spanje. Marokko waard wer in keninkryk mei Mohammed V as kening. Yn 1976 foel Marokko de Westlike Sahara binnen dat sûnt dy tiid troch de Marokannen beset holden wurdt.

Demografy

Befolking

Om-ende-by trijekwart fan de befolking is Berbers, it oare part binne benammen Arabieren. Eartiids wennen der in soad Joaden yn Marokko, mar dizze groep is yn 'e rin fan de 20e iuw lytser wurden nei likernôch 7.000 hjoed de dei. Fierders hat Marokko om de 100.000 allochtoanen hinne. Dizze bewenners binne fral Frânsen en Spanjerts, wêrfan in soad leararen en technysk kwalifisearre personiel, mar ek pinsjonearden, benammen yn Marrakesj.

De befolkingsgroei is yn de 20e iuw acht kear sa grut wurden. Yn 1900 wiene der 3,8 miljoen Marokkanen en yn 2004 29,9 miljoen. Marokko is nei Egypte, Sûdan en Algerije, it grutste Arabyske lân nei ynwennertal.

Neffens de offisjele sifers is 50 prosint fan de befolking analfabeet, mar dat tal moat winliken heger lizze.

Untwikkeling

  • 2007 - 33,8 miljoen
  • 2005 - 31,9 miljoen
  • 2004 - 29,9 miljoen.
  • 1900 - 3,8 miljoen

Taal

De offisjele taal yn Marokko is it (standert) Arabysk. Men brûkt it Arabysk as ûnderrjochttaal en as amtstaal. It meast brûkte Arabyske dialekt is it Darija. Oare talen dy't yn Marokko sprutsen wurde binne de Berbertalen (Tarifit/Riffynsk), Tasjelhiyt, Tamazigt), Frânsk (faak de taal fan bedriuwen, oerheid en diplomaten, mar ek yn winkels, restaurants en ek ûnderling, wylst yn it eardere Spaansk Marokko, faak Spaansk as twadde taal brûkt wurdt.

Godstsjinst

Likernôch 98,7% fan de befolking is Islamitysk, dy't suver allegear soennitysk binne. Lytsere godstsjinsten binne it kristendom (1,1%) en it joadendom (0,04%).

Nijsgjirrich

Marokko is gauris it toaniel foar histoaryske films of bibelferfilmingen. In protte ferneamde regiseurren, ûnder oare Ridley Scott (Gladiator, Kingdom of Heavens) en Franco Zeffirelli (Jezus fan Nazareth) hawwe hjir harren filmen draaid. Ek waard yn Marokko yn it tiidrek 1993-2001 de tillefyzje searje 'De Bibel' opnaam.