Springe nei ynhâld

Keizerpalts fan Goslar

Ut Wikipedy
Keizerpalts Goslar
bouwurk
lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
plak Goslar
adres Kaiserbleek 6
koördinaten 51° 54' N 10° 25' E
bysûnderheden
boujier 1040-1050
boustyl Romaanske arsjitektuer
offisjele webside
Side museum
kaart
Keizerpalts fan Goslar (Nedersaksen)
Keizerpalts fan Goslar
Keizerpalts fan Goslar
UNESCO-wrâlderfgoed
ûnderdiel fan Rammelsbergminen, de histoaryske binnenstêd fan Goslar en it Wetterbehear fan de Oberharz
UNESCO folchnûmer 623
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)
ynskriuwing 1992
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Keizerpalts fan Goslar yn 'e Nedersaksyske stêd Goslar waard yn 'e 11e iuw as residinsje fan 'e keizers fan it Hillige Roomske Ryk boud. It is it grutste en it bêst bewarre sekuliere monumint út de 11e iuw fan Dútslân. Mei de binnenstêd fan Goslar is de keizerpalts opnommen op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed ûnder de namme Rammelsbergminen, de histoaryske binnenstêd fan Goslar en it Wetterbehear fan de Oberharz.

Sarkofaach Hindrik II fan it Hillige Roomske Ryk.

Nei alle gedachten stie der earder in keninklik jachtslot op it plak. Yn 1005 waard de earste palts boud troch de lettere keizer Hindrik II. De hjoeddeiske palts waard tusken 1040 en 1050 yn opdracht fan 'e lettere keizer Hindrik III boud. It romaanske bouwurk is 54 m breed en 18 m djip en hat twa grutte sealen ferdield oer twa ferdjippingen. Oan 'e súdkant grinzget oan 'e palts de 12e-iuwske Ulrikskapel (Ulrich Kapelle). Dy kapel hat in plattegrûn yn 'e foarm fan in Gryksk krús. Sintraal yn 'e kapel stiet de sarkofaach fan Hindrik III, dêr't lykwols allinne syn hert rêst. De rest fan syn lichem waard yn 'e domtsjerke fan Speyer byset. Hindrik III joech ek in gouden relykbuste fan Sint-Servatius oan 'e kapel, dy't yn 'e 17e iuw ferlern gie.

Twahûndert jier lang waard yn 'e keizerpalts in soad ryksdagen organisearre. Yn 1253 wie Willem II fan Hollân de lêste Roomske kening dy't yn 'e palts residearre. It bouwurk baarnde yn 1289 hielendal út en nei de renovaasje krige de stêd Goslar it yn syn besit. Yn 'e iuwen dêrnei waard it net in soad brûkt en ferfoel it stadich ta in ruïne. Tusken 1868 en 1875 waard de palts wer restaurearre. Under ynfloed fan it opbloeiende nasjonalisme ûnder keizer Wilhelm I waard it ynterieur útwrydsk fersierd mei romantyske muorrebeskilderingen fan heldedieden fan midsiuwske Roomsk-Dútske keizers troch Hermann Wislicenus. It hichtepunt is de skildering fan 'e apoteose fan it keizerdom, dêr't Wilhelm I, Friedrich III en Bismarck harren ôf byldzje lieten as de natuerlike opfolgers fan 'e midsiuwske keizers.

Hjoeddeisk gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keizerstroan.

Tsjintwurdich is de palts in museum mei in tentoanstelling oer it ambulante keizerskip. Der is û.o. de orizjinele brûnzen keizerstroan út de 2e helte fan 'e 11e iuw te sjen. Tegearre mei de troan fan Karel de Grutte yn Aken is it de iennich bewarre midsiuwske troan fan in Dútske keizer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: