Kearslûs
In kearslûs of kearing is in slûs dy't wetter keart, ofwol tsjinhâldt.
Omt elke slûs wetter tsjinhâldt, liket de namme in bytsje dûbeldop. Slûzen kinne lykwols meardere funksjes ha en der wurdt sprutsen fan in kearslûs as it foarnaamste doel fan de slûs it kearen fan heechwetter is. In kearslûs hat faak ien of mear spuislûzen, om it wetter efter de kearslûs losse te kinnen op de see of de mar.
Soms binne de kearslûzen oan twa kanten kearend en hawwe dêrom in dûbeld pear puntdoarren, as it kearingsmiddel in pear puntdoarren is. By heech wetter wurde de doarren, dy ’t mei de punt nei it heech wetter rjochte binne, sletten en by leech wetter, de oare puntdoarren dy ’t nei it lege wetter wize. At de doarren tichtsteane, is gjin trochgeand skipfeartferkear mooglik. By sommige kearings is dêrom in skutslûs njonken de kearslûs boud (bygelyks by de Stoarmfloedkearing Hollandse IJssel). Moderne kearslûzen yn Nederlân binne hast altyd mei in hefdoar útfierd.
Kearslûzen wurde ek brûkt om in kanaalpân te befeiligjen tsjin leechrin. Yn dy funksje kinne se fûn wurde by wichtige wetterboukundige keunstwurken. Op lange kanalen mei in bytsje ferfal treft men se bytiden oan om it kanaal ûnder te ferdielen yn pânen. Dit kin fan belang wêze: by it ûnderhâld fan it kanaal, om de totale leechrin fan in kanaal te mijen yn gefal fan in dykbrek, of om de skea oan de omjouwing te beheinen.
Kearslûzen yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stoarmfloedkearing Hollandse IJssel
- Maeslantkearing
- Hartelkearing
- Haringvlietdaam
- Kromme Nolkering
- Balchstuw by Ramspol
- Kearslûs Kadoelen by de buorskip Kadoelen yn Flevolân
- Under de Achterhavenbrêge tusken de Achterhaven en de Coolhaven yn Rotterdam
- Prinses Marijkeslûzen
- Kearslûs Heumen
- Kearslûs Haven fan Cuijk
- Kearslûs Zierikzee
- Kearslûs Vlissingen
- Kearslûs Limmel
- Kearslûs Nieuwe Diep en Kearslûs De Diemen oan it Amsterdam-Rijnkanaal
- Kearslûs Scheepsdiep (âlde Maasje by Raamsdonk)
- Kearslûzen yn de Ofslútdyk
- Bu de Stevinslûzen yn Den Oever (yn oanbou)
- By de Lorentzslûzen yn Kornwerderzand (yn oanbou)