Kealkopibis
Kealkopibis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Geronticus calvus | ||||||||||||
Boddaert, 1783 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber | ||||||||||||
De kealkopibis, Kaapske ibis of kalkoenibis (Geronticus calvus) is in seldsume ibissoarte, dy't yn it suden fan Afrika libbet. De IUCN-status fan 'e fûgel is kwetsber.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kealkopibis wurdt likernôch 78 sm lang en hat in gewicht fan sa'n 1,3 kg. Tegearre mei de hearremytibis, dêr't de fûgel in soad op liket, foarmet er it skaai Geronticus. Yn ferlikening mei de hearremytibis hat er in ljocht gesicht en dêrnjonken mist er de fearretoef efter op 'e kop.
De fûgel hat swarte fearren, glânzget grien oant blau en hat in brûnskleurige flek op 'e wjukken. It neakene gesicht en de kiel binne wyteftich. De kromme snaffel en de neakene krún binne ljochtread.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kealkopibissen libje yn 'e bergen fan súdlik Afrika, yn Lesoto, it easten fan Súd-Afrika en it west fan Swazylân, benammen yn it Drakensberchtme. Se jouwe de foarkar oan gerslân op hichten tusken de 1200 en 1850 m mei koarte gerssoarten.
Iten en hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels frette rûpen, kevers en oare ynsekten. Fierder slakken, wjirms en lytse deade sûchdieren, hagedissen en fûgels. Yn juny foarmje de fûgels lykas de measte ibissoarten koloanjes om te brieden, wyfkes lizze dan tusken begjin augustus en ein septimber twa of trije aaien. Yn twa moanne tiid binne de jongen safier dat se fleane kinne.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2015 waard de folsleine populaasje op sa'n 6.500-8.000 fûgels rûsd (dat binne 3.300 oant 4.000 folwoeksen fûgels). Earder wie it ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel grutter, mar de fûgel wurdt troch biotoopferlies, nêstfersteuring, boppegrûnske mynbou en tanimmende befolkingsdruk bedrige. De kealkopibis stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as 'kwetsber' klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Grünibis (ferzje 28 april 2024)
|