Springe nei ynhâld

Kazan (roman)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kazan, the Wolf-dog)
Kazan
algemiene gegevens
auteur James Oliver Curwood
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre aventoereroman
1e publikaasje 1914, New York
oarspr. útjwr. Grosset & Dunlap

Kazan (yn lettere edysjes ek wol Kazan, the Wolf-dog) is in aventoereroman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer James Oliver Curwood (1878-1927). It ferhellet oer it libben fan 'e wolfshûn Kazan yn it wylde noarden fan it Noard-Amearika. Kazan waard foar it earst publisearre yn 1914, troch de útjouwerij Grosset & Dunlap. In ferfolch, mei as titel Baree, Son of Kazan, ferskynde yn 1917. Kazan wie in tige populêr boek, en waard ferskate kearen oerset yn it Nederlânsk, ûnder de titel Kazan de Wolfshond. Hoewol't it boek in bist yn 'e haadrol hat, is it net botte gaadlik foar bern om te lêzen; op 'e omslach fan 'e Nederlânske edysje út 1983 wurdt dan ek fermelden: "tolve jier en âlder".

It boek set útein as de wolfshûn Kazan, dy't foar trijefjirde part husky (slidehûn) en foar in fearn wolf is, mei syn baas Thorpe en dy syn frou Isobel nei de noardlike wyldernis fan Kanada reizget, dêr't se in man moetsje dy't fan McCready hjit. It is daliks dúdlik dat McCready earder gedoente hân hat mei Kazan, dy't doe noch Pedro neamd waard, en dat er net sa fraai mei de hûn omsprongen hat. As McCready Thorpe bûten westen slacht en dan Isobel besiket te ferkrêftsjen, skuort Kazan him los fan syn keatling en byt er McCready dea. Dêrnei naait er út, om't er wol begrypt dat it deadzjen fan in minske him net yn tank ôfnommen wurde sil. Yn 'e wyldernis jout er him by in ridel wolven, wêrfan't er nei in gefjocht de nije lieder wurdt. In jonge grize wolvinne hellet him oan, en dat wurdt syn wyfke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op in dei fynt de wolveridel de spoaren fan in sike âldman, Pierre Radisson, dy syn troude dochter Joan en har poppe, in famke. De wolven risselwearje om 'e minsken oan te fallen, mar as er de frou sjocht, keart Kazan him tsjin 'e ridel, en beskermet er de minsken. Uteinlik jouwe alle wolven har ôf, mei útsûndering fan 'e grize wolvinne. Kazan is yn it gefjocht slim ferwûne rekke, mar út tankberens helpe Joan en har heit him om wer op te betterjen. Al rillegau ferfetsje de minsken har reis nei Churchill, en dêrby nimme se Kazan mei. De grize wolvinne folget harren op in ôfstantsje, yn 'e hope om mei har mantsje weriene te wurden. Underweis komt de âldman te ferstjerren, wêrnei't Kazan Joan en har poppe helpt om 'e blokhutte fan har man te berikken, dêr't se te'n lêsten oan 'e ein fan harren krêften arrivearje. De rest fan 'e winter sliept Kazan nachts yn 'e blokhutte, wylst er oerdeis op jacht giet mei de grize wolvinne.

James Oliver Curwood, de skriuwer fan Kazan.

By 't maityd is Kazan ferheard om op in dei de grize wolvinne mei trije jongen oan te treffen. Hoewol't er noch nea earder heit west hat, fertelt syn ynstinkt him wat er dwaan moat: hy bringt mear tiid troch mei syn wyfke en begjint sels foar har te jeien. Lykwols, as er op in kear weromkomt fan 'e jacht, is de grize wolvinne yn in gefjocht ferwikkele mei in lynks. Hoewol't Kazan de kateftige oanfalt en deadet, blike syn jongen dea te wêzen, wylst de grize wolvinne troch de klauwen fan 'e lynks blyn wurden is.

In pear dagen letter binne Joan en har man ree om nei stêd ta, en se beslute om Kazan mei te nimmen. Sadwaande lizze se him oan it tou, mar as se fuort sille, sjogge se de grize wolvinne by de rivier en hearre se har spûkgûlen. Dêrop skuort Kazan him daliks los en naait mei har út. Tegearre doarmje se troch de wyldernis, wêrby't se mar kwealk oan in grutte boskbrân ûntkomme dy't in grut part fan it lân yn 'e jiske leit. Neitiid wurde se fongen troch Henry Lottie, in pelsjager, en dy syn selskipsman Paul Wayman, in earder jager dy't no natoerbeskermer wurden is. (It hat der alle skyn fan dat dizze Wayman in alter ego fan 'e skriuwer James Oliver Curwood sels is, dy't ek earst jager en letter natoerbeskermer wie.) Om't er begrutsjen mei de beide bisten kriget, keapet Wayman se fan Lottie, en lit er se frij.

Kazan en de grize wolvinne reizgje dan nei it noarden, dêr't se in troep slidehûnen tsjinkomme, dy't ferwyldere binne nei't harren eigner omkommen is by in útbraak fan 'e pokken. Op 'e nij giet Kazan it gefjocht mei de lieder oan en pleatst er himsels troch syn oerwinning oan it haad fan 'e troep. De hûnen, lykwols, binne gjin wylde wolven, en koarte tiid letter swalkje se ien foar ien allegear werom nei de bewenne wrâld om nije bazen te sykjen. Sa bliuwe Kazan en de grize wolvinne wer tegearre efter.

Se keare werom nei harren âlde hoale, dêr't de grize wolvinne op 'e nij smite moat, al is der diskear mar ien jong, Baree. Dy hat foar mear as de helte wolvebloed, en sadwaande leart er fluch hoe't er yn 'e wyldernis oerlibje moat. Al nei in pear moanne kin er foar himsels soargje en ferlit er syn âlden. Neitiid set him in grutte famylje bevers, oanfierd troch it mantsje Brutsen Tosk, deunby nei wenjen yn in rivier, dêr't se krigel yn 't spier geane om in daam oan te lizzen, nettsjinsteande alle krewearjen fan Kazan om se fuort te jeien. Op in dei deadet Kazan by fersin syn iennichste bûnsmaat yn dizze striid, in grutte rivierotter, dy't er foar in bever oansjocht. Uteinlik komt it hiele gebiet om harren hoale hinne ûnder wetter te stean en binne Kazan en de grize wolvinne twongen om op te pakken en ôf te setten.

De earste edysje fan Kazan, út 1914.

Se reizgje wer fierder nei it noarden, mar reitsje inoar kwyt as Kazan fongen wurdt troch de goudsiker en mooglike moardner Sandy McTrigger, dy't fan doel is en brûk him foar it hâlden fan hûnegefjochten. As Kazan lykwols foar syn tsjinstanner Dane oer komt te stean, dy't heal Deenske doch, heal mastyf is, beslute se stilwei om net te fjochtsjen. Dêrmei winne se it respekt fan in âldman, perfester McGill, dy't de beide hûnen keapet. McGill nimt se mei werom nei syn hûs yn Fond Du Lac, mar as se noch mar in pear dagen ûnderweis binne, besiket McTrigger, dy't harren blykber efternei kommen is, om harren te beslûpen. De hûnen hearre him lykwols, en Kazan falt him oan. Yn 'e betizing naait Kazan út krekt as McGill McTrigger delsjit en deadet.

It ferhaal springt dan werom nei Joan Radisson en har man, dy't weromkeard binne nei de wyldernis mei harren jonge dochter. Op in dei sjogge se Kazan draven, en de wolfshûn jout him in amerijke by harren om har te begroetsjen, mar dan klinkt yn 'e fierte it spûkgûlen fan 'e grize wolvinne, en set Kazan daliks wer ôf. It boek einiget mei Kazan en de grize wolvinne dy't skouder oan skouder op jacht geane ûnder de moanne.

Nederlânske oersettings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Kazan binne ferskate Nederlânske oersettings makke, allegear ûnder de titel Kazan de Wolfshond, te begjinnen mei in ferzje út 1915 fan 'e hân fan in oersetter dy't ûnder de skûlnamme Duodecimo wurke. Nijere fertalings datearje út 1957 (fan C.L.M. van der Tuin); út 1983 (fan B. van der Tuin); en út 1986 (fan Robert Schouten). De meast resinte oersetting waard útbrocht yn in omnibusferzje mei De Zoon van Kazan (in oersetting fan Baree, Son of Kazan) en in oar boek fan Curwood, Thor de Beer (in oersetting fan The Grizzly King).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Curwood, James Oliver, Kazan, New York, 1914 (Grosset & Dunlap), sûnder ISBN.
  • Curwood, James Oliver, Kazan de Wolfshond (oers. B. van der Tuin), De Haach, 1983 (Leopold), ISBN 9 02 58 31 915.