Kategory oerlis:Heechljeppen
Appearance
Is dit itselde as heechljeppen [1]? Mysha (oerlis)
- Heechjeppen wurdt gjin pols by brûkt. Drewes (oerlis) 14 mrt 2016, 15.33 (CET)
- Heech-springen wurdt gjin pols by brûkt. Fier-springen wurdt gjin pols by brûkt. Fier-ljeppen wurdt al in pols by brûkt. Heech-ljeppen ... Mysha (oerlis)
- Neffens it WFT betsjut ljeppe springe mei of sûnder pols. It wurdt ek by tipeljen brûkt; foar it 'opspringen' fan it houtsje. Yn 'e Wâlden (oerlis) 15 mrt 2016, 12.18 (CET)
- Of dat WFT wier seit dat ljeppe sûnder pols wêze kin is hoe't it lêzen wurdt. Mar foar fierljeppen wie dat dan net oars. En "heechljeppen" wurdt al brûkt yn de Wikipedy, dat wêrom moat der noch in wurd by? Mysha (oerlis)
- Neffens it WFT betsjut ljeppe springe mei of sûnder pols. It wurdt ek by tipeljen brûkt; foar it 'opspringen' fan it houtsje. Yn 'e Wâlden (oerlis) 15 mrt 2016, 12.18 (CET)
- Heech-springen wurdt gjin pols by brûkt. Fier-springen wurdt gjin pols by brûkt. Fier-ljeppen wurdt al in pols by brûkt. Heech-ljeppen ... Mysha (oerlis)
It ûnderskied tusken heechjeppen en heechspringen hie net wêze moatten. Pols(stôk)heechspringen as -ljeppen (as heechspringe/ljeppe mei de pols) is better. Yn it gefal fan fierljeppen, wat letterlik fierspringen is, leit it fansels oars, meidat it Frysk, oars as it Hollânsk, gjin pols(stôk)fierljeppen hat. Dat ik soe útstelle wolle om heechljeppen te ferfangen troch polsstôkheechspringen, it leafst sûnder 'stôk' (feitlik in Hollanisme is liket my ta). Wat sizze jimme? Drewes (oerlis) 15 mrt 2016, 17.18 (CET)
- Ik fyn "ljeppe" tsjin "springe" oer no krekt al dúdlik. It slút oan by wat it Frysk hat by "fierljeppe"; it past by de beskriuwing yn it wurdboek as "springe (benammen mei in pols)", en it jout in koart, maklik te begripen wurd. Mar goed, wy freegje it de spesjalisten. At der in andert komt fan it Taalburo set ik it hjir by. Mysha (oerlis)
- It wurd "polsstokverspringen" komt al foar yn it Hollânsk. Google hat no "polsstôkheechljeppe". Mysha (oerlis)