Springe nei ynhâld

Katedraal fan de Berte fan de Hear (Novokûznjetsk)

Ut Wikipedy
Katedraal fan de Berte fan de Hear
Собор Рождества Христова
Lokaasje
lân Ruslân
lânsdiel Kemerovo
plak Novokûznetsk
Arsjitektuer
boujier 2000-2011
boustyl Eklektisme mei eleminten fan pseudo-Russyske styl
Webside
Side fan de katedraal
Kaart
Katedraal fan de Berte fan de Hear (Ruslân)
Katedraal fan de Berte fan de Hear

De Katedraal fan 'e Berte fan 'e Hear (Russysk: Собор Рождества Христова) yn 'e súd-Sibearyske stêd Novokûznetsk, Ruslân, is in otterdokse tsjerke dy't boud waard ta oantinken fan e 67 mynarbeiders dy't by in mynramp yn 1997 omkamen.

Op 2 septimber 1997 fûn yn 'e oblast Kemerevo yn 'e Zirjanovsk-myn in eksploazje fan metaangas plak. By dy ramp kamen 67 minksen om. De doedestiidske premier Viktor Tsjernomyrdin ûnthiet de famyljes te helpen en jild beskikber te stellen foar de bou fan in otterdokse tsjerke ta neitins fan 'e slachtoffers. Yn oerlis mei de regionale, gemeentlike en religieuze autoriteiten waard it beslút nommen it momumint op lange termyn te kombinearjen mei it seminaarje fan Novokûznjetsk.

Yn it begjin fan it jier 2001 waard begûn mei de bou, mar nei 11 moannen moast it wurk dellein wurde fanwegen brek oan jild. Yn 2008 naam de gûverneur fan Kemerevo, Aman Tûlejev, it inisjatyf om yn it ramt fan in oerienkomst mei de nije biskop it projekt wer op te pakken. Op 19 augustus 2010, op it otterdokse feest fan 'e Transfiguraasje fan 'e Hear, waarden de acht fergulde koepels mei de krusen konsekrearre en te plak set. It type fan 'e grutte koepel is fan 'e haadkoepel fan 'e Ferlosserkatedraal yn Moskou. Yn 'e klokketoer kamen njoggen klokken te hingjen, dy't yn 'e Oeral getten binne.

Koepel.

Tagelyk mei it lizzen fan 'e earste stien foar in bygebou fan it monumint, waard yn april 2011 ek úteinset mei it beskilderjen fan 'e tsjerke mei fresko's en it oanbringen fan moazaïken fan Sergius fan Radonezj en Sint-Barbara.[1] De fiif ferdjippings tellende ikonostaze besit mear as 120 ikoanen. Yn 'e tsjerke binne de 15.500 nammen fan alle slachtoffers yn 'e Kûsbass sûnt 1920 oanbrocht.

Yn 2012 fûn der foar it earst in tsjinst yn 'e tsjerke plak. Op 25 augustus 2013 waard de tsjerke troch Kirill, de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân, mei de rite fan 'e grutte konsekraasje ynwijd.[2]

De katedraal jout plak oan likernôch 2.500 leauwenden en is de grutste katedraal fan it aartsbisdom Kûsbass.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. patriarchia.ru
  2. patriarchia.ru