Springe nei ynhâld

Katedraal fan Noto

Ut Wikipedy
Sint-Nikolaaskatedraal

Cattedrale di San Nicolò

Lokaasje
lân Itaalje
regio Sisylje
plak 96017 Noto
adres Piazza del Municipio
koördinaten 36° 53' N 15° 4' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Noto
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
arsjitekt Rosario Gagliardi
boujier 1694-1776
boustyl barok
Webside
Side bisdom
Kaart
Katedraal fan Noto (Sisylje)
Katedraal fan Noto

De Sint-Nikolaaskatedraal (Cattedrale di San Nicolò) is de katedraal fan it yn 1844 stifte bisdom Noto yn 'e Italjaanske tsjerkeregio Sisylje. De oan Nikolaas fan Myra wijde katedraal waard nei de ierdskodding fan 1693 yn 'e jierren 1694 oant 1776 op it nije plak fan 'e stêd as haadparochytsjerke (chese madre) fan Noto boud. Sûnt 2012 is de katedraal in basilica minor. De katedraal makket diel út fan it wrâlderfgoed fan 'e letbarokke stêden fan 'e Val di Noto.

Beskriuwing en skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fresko's fan Oleg Sûpereko.

De lange boutiid fan 'e neffens it ûntwerp fan Rosario Gagliardi boude en ûnder tafersjoch fan Bernardo Labisi foltôge tsjerke ferklearret it somtiden ûntbrekken fan gearhing yn 'e arsjitektuer en de yntroduksje fan neoklassisistyske eleminten. Foar de katedraal leit in brede trep. Karakteristyk binne de twillingtuorren, de pylderrike gevel en in portaal mei sênes út it libben fan 'e benammen op Sisylje fereare hillige Corrado Confalonieri, dy't de patroanhillige fan 'e stêd is. Yn in kapel yn it rjochter sydskip wurde de reliken fan Corrado Confalonieri yn in sulveren skryn bewarre.

Op 13 maart 1996 stoarte in grut part fan 'e tsjerke yn. De skea wie grut: fjouwer pylders fan it súdlike diel fan it skip, ien fan 'e fjouwer pylders fan 'e koepel, it hiele dak en ferwulft fan it skip, trijefearnspart fan de tamboer mei de koepel de grutte koepel, it dak fan de súdlike earm fan it transept en in grut part fan it rjochter sydskip. Oarsaak wie eroazje, materiaalwargens en it net altiten goed útfieren fan reparaasjes.

De restauraasje en rekonstruksje fan 'e katedraal fûn fan 1999 oant 2007 plak. Troch de ramp fan 1996 hawwe grutte dielen fan 'e katedraal in ienfâldich ynterieur. De yn Itaalje wenjende en wurkjende Russyske keunstner Oleg Nikolajevitsj Sûpereko beskildere yn 2009 de koepel mei nije fresko's.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: