Katedraal fan Leicester
Katedraal fan Leicester
Cathedral Church of St Martin | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
regio | East Midlands | |
plak | ![]() | |
adres | 2 Peacock Ln, Leicester LE1 5FQ | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1086–1867 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | Grade I listed building | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 67,1 meter (toer) | |
offisjele webside | ||
Side katedraal |
De Katedraal fan Leicester (Ingelsk: Leicester Cathedral) of Katedrale Tsjerke fan Sint-Martinus (Cathedral Church of St Martin) is in Anglikaanske katedraal yn de Ingelske stêd Leicester yn de East Midlands. De oan de hillige Martinus fan Tours wijde katedraal is de op trije nei lytste biskopstsjerke fan Ingelân. De tsjerke waard yn 1927 mei de stifting fan it bisdom Leicester in katedraal.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de hjoeddeiske lokaasje fan de katedraal hat al tûzen jier in oan de hillige Martinus wijde tsjerke stien. De tsjerke waard foar it earst neamd yn 1086, doe't de âldere Saksyske tsjerke troch in Normandyske tsjerke ferfongen waard. Op dy nijbou giet de tsjintwurdige katedraal, dy't letter pas in toer krige, werom. It hjoeddeiske oansjen is foaral it risseltaat fan in fiktoriaanske restauraausje troch de arsjitekt Raphael Brandon. De katedraal fan it eardere Anglo-Saksyske bisdom fan Leicester stie foarhinne op in oar plak.
It eastlike raam waard fan de katedraal ynbrocht as oantinken oan dyjingen dy't yn de Earste Wrâldkriich ferstoaren. Yn it hegere diel fan it raam stiet Kristus yn in mandorla tusken ingels mei oan wjerskanten Sint-Michael en Sint-Joris. Under is in foarstelling fan de krúsôfname fan Kristus mei lofts Jeanne d'Arc en rjochts Martinus fan Tours. By de foarstelling fan de krúsôfname is ek lofts ek in soldaat út de Earste Wrâldkriich oanwêzich.
De toer en de spits waarden yn de jierren 2004-2005 restaurearre. It measte wurk wie it skjinmeitsjen en it diels ferfangen fan it muorrewurk
De katedraal fan Leicester is nau ferbûn mei de Leicester Grammar School, dy't tichteby de katedraal stiet. Gearkomsten yn de moarntiden fine alle wiken op ferskate dagen plak en de tsjerketsjinsten wurde troch de learlingen besocht.
Yn july 2014 waard in werynrjochting fan it grien om de katedraal foltôge. Ek waard in byld fan kening Richard III út 1980 yn de tún set.

Yn it koer stie oant foar koart in senotaaf foar kening Richard III. It monumint waard ferfongen troch de tombe fan de kening sels. De kening waard nei syn dea yn 1485 by de Slach by Bosworth byset yn it Fransiskaanske kleaster fan Leicester. Syn oerbliuwsels waarden yn 2012 opgroeven en yn febrewaris 2013 idintifisearre. Op 26 maart 2015 waard de kening byset yn de katedraal.
Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De katedraal hat in lang skip en koer mei twa koerkapellen en in 67 meter hege spits, dy't yn 1862 waard tagoeg. De Martinuskatedraal ûndergyng yn de rin fan de tiid in grut tal restarauraasjes troch û.o. de fiktoriaanske arsjitekt Raphael Brandon en fertsjintwurdiget foar de haadsaak de goatyske styl. It koer wurdt yn de katedraal troch in grut 19e-iuwsk houten koerhek skieden, dat yn 2015 yn it ramt fan de bysetting fan kening Richard III mear nei it easten ta ferhûze.
It súdlike portaal, de Vaughan Porch, fan de katedraal is in ûntwerp fan John Loughborough Pearson, dy't ek it ûntwerp fan de katedraal fan Truro levere. It portaal is ferneamd nei de famylje Vaughan, dy't foar in grut part fan de 19e iuw de predikanten oan de tsjerke levere. Oan de gevel is in rige fan bylden fan hilligen, teologen, biskoppen en in greve oanbrocht.
-
Fan lofts nei rjochts: Sint-Guthlac, Hugh fan Lincoln, Robert Grosseteste, John Wyclif, greve Henry Hastings, William Chillingworth, William Connor Magee
Kapellen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De katedraal hat fjouwer aparte kapellen. Trije dêrfan binne oan hilligen wijd. De oan Sint-Katarina (oan de noardlike kant fan it alter; St Katharine's Chapel) en Sint-Dunstan (oan de súdlike kant fan it koer; St Dunstan's Chapel) wijde kapellen binne sydkapellen en wurde by gelegenheid brûkt foar lytsere tsjerketsjinsten en/of wakes. De westlike Joriskapel (St George's Chapel) betinkt dejingen dy't ûnder de wapens west ha en dêr binne tinktekens foar boargers fan Leicester dy't yn ferskate konflikten it libben lieten. De nije Kristus Keningkapel (Chapel of Christ the King) grinzget oan it eastlike raam.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It hjoeddeiske oargel waard yn 1873 troch J.W. Walker & Sons Ltd. boud en dêrnei yn 1929 en 1972 troch Harrison & Harrison op 'e nij boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Leicester Cathedral
|