Kastiel fan Rumbeke
Kastiel fan Rumbeke | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
gemeente | Roeselare | |
plak | Rumbeke | |
koördinaten | 50° 09' N 3° 08' E | |
Skiednis | ||
boujier | foar 1535 | |
Oars | ||
boustyl | neogotyk | |
tagonklikens | iepen foar publyk | |
Webside | ||
www.kasteelvanloppem.be | ||
Kaart | ||
Kastiel Rumbeke is in kastiel yn Rumbeke, in dielgemeente fan de Belgyske stêd Roeselare. It is ien fan de âldste renêssânse kastielen yn Belgje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de oerlevering flechte de Flaamske greve Boudewyn mei de Izeren Earm nei de ûntfiering yn Senlis yn 862 tegearre mei Judith, de dochter fan keizer Karel de Keale, nei it kastiel dat hjir doe stie. Dat late, nei tuskenkomst fan de paus, ta in houlik yn Auxerre en de oprjochting fan it greefskip Flaanderen.
Iuwenlang waard it kastiel bewenne troch de greven fan Thiennes en fan Limburg Stirum, oant it troch de geuzen en yn 'e oarloggen fan Loadewyk XIV fan Frankryk, de Frânske Revolúsje en de Earste- en Twadde Wrâldkriich skansearre waard.
It oarspronklike diel fan it wetterslot datearret fan foar 1535 en waard yn 1538 mei in kapel, fiif tuorren en in westlike fleugel útwreide. Letter binne in dowetoer (1609) en in westlik en in eastlik poartegebou (1731) boud. Yn de 18e iuw folge in klassisistyske ferbouwing, wêrby't it Sterrebos oanlein waard mei it Prater fan Wenen as foarbyld. De yngong ferhûze yn 1730 nei de súdkant. Boppe de tudorbôge fan de Easterpoarte is it wapen fan de famylje Fan Thiennes oanbrocht, dy't it kastiel bouwe liet. Om 1780 hinne waarden de grêften mei sân tichtsmiten.
It kastiel bleau noch lang eigendom fan it neiteam fan de famylje Fan Thiennes, mar gyng troch it houlik yn 1856 fan Asthérie de Thiennes mei greve Dirk fan Limburg Stirum oer op de famylje Fan Limburg Stirum.
Yn de Earste- en Twadde Wrâldoarloch waard de krite troch de Dútsers beset. De ferneamde Dútske piloat Manfred von Richthofen, ek bekend as de Reade Baron, hie yn 1917 syn ferbliuw yn it kastiel. It kastiel waard ek brûkt as ofsierskertier en der binne noch jimmeroan spoaren te finen fan de Twadde Wrâldoarloch: it âlde parket is op guon plakken skeind troch de hakken fan de saluearjende Dútske soldaten.
Greve Guillome fan Limburg Stirum ferkocht yn 1988 it kastiel oan it bedriuw N.V. Sterrebos, dat noch jimmeroan eigner is. Yn de jierren 2001-2004 waard it kastiel restaurearre.
Domein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kastiel leit oan it Sterrebos, dat tusken 1769 en 1774 ûnder lieding fan lânskipsarsjitekt F. Simoneau oanlein waard. By de grutte greide en fiver is in arboretum oanplante. Op it plein foar it kastiel stiet in foarse plataan, dy't nei alle gedachten út de 18e iuw datearret doe't it park oanlein waard. Op it domein stiet ek in monumint foar de sân fallen Belgyske soldaten, dy't by de swiere gefjochten om it kastiel op 26 maaie 1940 ferstoaren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Kasteel van Rumbeke
|