Kastiel Almeare

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kastiel Almeare
Tagong kastiel Almeare

Kastiel Almeare (Nederlânsk: Kasteel Almere) is in kastiel yn oanbou yn de buert fan Almeare yn Flevolân. Yn 2010 is it in hjoeddeiske ruïne. It stiet oan de Alde Waterlandseweg yn Almeare Haven en is ek te sjen fan de rykswei A6 ôf.

De plannen foar it bouwen fan it kastiel binne út 1999; de earste paal waard op 15 septimber 2000 slein. De kosten fan it kastiel waarden yn it earstoan rûsd op 60 miljoen gûne, letter ferhege nei ƒ 120 miljoen. Troch finansjele problemen waard it bouprojekt yn 2002 stillein. Yn 2005 waard it projekt opkocht troch it dêrfoar oprjochte bedriuw Gravin (eigeners: J. van der Graaf en it bedriuw Vink). Njonken in hotel en in troulokaasje yn it kastiel wol Gravin ek huzebou op it terrein. Om it lêste mooglik te meitsjen is lykwols in wiziging fan it bestimmingsplan nedich. Yn 2008 besleat it gemeentebestjoer fan Almeare net yn te stimmen mei in foarstel dêrfoar.

It ûntwerp fan it kastiel is baseare op it 13e-iuwske Belgyske kastiel Jemeppe yn Hargimont. Oant no (2011) stiet der lykwols net mear as in karkas yn rûchbou en is der gjin sprake fan bouaktiviteit. It pân lûkt jierliks in soad toeristen en wurdt mei dêrom bewenne troch antykreakers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: